Ottilie (Tilly) Fleischer (Frankfurt, 2 oktober 1911 - Lahr, 14 july 2005) wie in Dútsk Spearsmytster en diskussmytster.

Sy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerpullen (yn 1932 en 1936). Sy waard yn 1936 yn Berlyn ien kear Olympysk kampioen by it spearsmiten mei in olympysk rekôr fan 45.18 meter, by de Spullen fan 1932 yn Los Angeles wie se tredde wurden mei in ôfstân fan 43.00 meter.

Yn 1936 beëinige Fleischer har sportkarriêre, sy hat twa kear boaske west en hie út har earste houlik twa bern. Nei de Twadde Wrâldkriich wie Fleischer eigeneresse fan twa tassewinkels yn it Swarte Wâld. Tilly Fleischer ferstoar op 14 july 2005, yn 'e âldens fan 93 jier.

Kategory:Dútsk spearwerper Kategory:Dútsk diskuswerper Kategory:Dútsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1911 Kategory:Persoan stoarn yn 2005