Arie Gerrit van Vliet (Woerden, 18 maart 1916 - dêre, 9 july 2001) wie in Nederlânsk baanhurdfytser.
Hy die fjirtjin kear mei oan de Wrâldkampioenskippen baanhurdfytsen, trije kear oan de Europeeske kampioenskippen en yn 1936 ien kear oan de Olympyske Simmerspullen. Hy waard by dizze kampioenskippen trije kear wrâldkampioen en Europeesk kampioen sprint en ien kear Olympyske kampioen. Hy waard ek tretjin kear Nederlânsk kampioen sprint.
Yn 1957 beëinige van Vliet syn sportkarriêre, njonken it hurdfytsen wie Van Vliet eigener fan in garaazjebedriuw yn Woerden. Hy wie in soan fan Gerrit van Vliet, dy't yn 1906 Nederlânsk kampioen op 'e dyk waard. Arie van Vliet ferstoar op 9 july 2001, yn 'e âldens fan 85 jier.
Kategory:Nederlânsk baanhurdfytser Kategory:Nederlânsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1916 Kategory:Persoan stoarn yn 2001