Carl Lorenz (Riesa, 27 novimber 1913 - Bad Liebenwerda, 25 novimber 1993) wie in Dútsk baanhurdfytser.
Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Berlyn mei Ernst Ihbe Olympysk kampioen op de tandem. Carl Lorenz waard profesjoneel yn 1937, mar helle gjin grutte suksessen. Nei de Twadde Wrâldkriich wurke er ynearsten by de ferkearsplysje yn Chemnitz. Yn 1955 waard Lorenz trainer, hy bleau trainer oant 1964. Dêrnei waard er haad fan de roeiôfdieling by SC Dynamo Berlin. Carl Lorenz ferstoar op 25 novimber 1993, yn 'e âldens fan 78 jier.
Kategory:Dútsk baanhurdfytser Kategory:Dútsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1913 Kategory:Persoan stoarn yn 1993