De Handley Page H. P.50 Heyford wie in twamotorige swiere (nacht)bommewerper fan de Royal Air Force (RAF) en tagelyk de lêste Britske twaddekkerbommesmiter. Hy waard yn de jierren 1930 ûntwikkele troch Handley Page. De earste flecht wie yn 1930. Hoewol't it model mar koart yn gebrûk wie (oant 1937), wiene ferskate eskaders fan de RAF dermei útrist. De lêste Heyfords waarden earst yn 1941 as lesfleantugen út tsjinst nommen.

Konstruksje De Handley Page Heyford wie in twamotoarige bommewerper ûntworpen foar nachtlike operaasjes. Hy hie in relatyf nije konfiguraasje wêrby't de romp oan 'e boppefleugel fêstmakke wie. De romp wie makke fan tripleks en duraluminium; de efterste seksje wie mei linnen bedutsen. Jarrett Aeroplane Monthly Desimber 1995, s. 17. De bommeromte wie yn it fersterke sintrum fan 'e legere fleugel pleatst. It lâningsgestel wie fêst en bedekt mei in streamline kape. Dit ûntwerp makke it mooglik foar de grûnbemanning om de bommeromten te laden mei draaiende motors. De fleander siet fiif meter boppe de grûn.

Automatisearre fleugelpuntslots ferbetteren de startprestaasjes flink. De oandriuwing bestie út in pear Rolls-Royce Kestrel-motors, dy't elk in set propellers mei fêste hoeke (pitch) oandreaune.

Skiednis De Handley Page Heyford waard boud neffens deselde spesifikaasjes as de Fairey Hendon iendekkerbommesmiter. It prototype - de Handley Page H.P.38, dy't foar it earst fan it Handley Page fabryksfleanfjild yn Radlett fleach op 12 juny 1930 - waard ûntwurpen troch haadûntwerper G. R. Volkert fan Handley Page. De earste flecht fan 'e Heyford fûn plak op 21 juny 1933.

Yn totaal wiene alve ferskillende squadrons yn 1941 útrisd mei de Heyford. It gebrûk as bommesmiter einige yn 1937. De oerbleaune fleantugen waarden doe brûkt foar it trainen fan bommewerperpiloaten en boardskutters. Guon fleantugen waarden brûkt foar radar- en lofttanktests. Yn 1941 ferdwûn de Heyford foar altyd út 'e ynventaris fan 'e Royal Air Force.

Yn desimber 1936 fleagen sân Heyfords fan 102 Squadron nei harren basis yn Noard-Ierlân. Yn tichte mist en temperatueren ûnder nul stoarten trije fleantugen del en rekken trije oaren skansearre by hurde lânings. Trije bemanningsleden ferlearen it libben.

Produksjesifers +Produksje fan de Handley Page HeyfordAir Britain: Aeromilitaria 1994/1, s. 3 ff. Jier 1933 1934 1935 1936 Totaal Mk I31114 Mk IA2323 Mk II 11617 Mk III205070 Totaal 3 35 36 50 124

Technyske gegevens Gegevens Bemanning 4 Lingte 17,68 m Spanwiidte 22,86 m Fleugeloerflak 136,5 m² Hichte 5,33 m Gewicht leech 4572 kg Startgewicht 7587 kg Oandriuwing 2 × Rolls-Royce Kestrel III-S of III-S5, 575 hk Topfaasje 228 km/o Tsjinstplafond 6400 m Fleanberik 1480 km Bewapening 3 × 7,7-mm-Lewis-MGs, 8 × 9-kg-bommen en 1132 kg bommen yn it bommerom

Fergelykbere typen Fairey Hendon Tûpolev TB-3

Kategory:Britske bommesmiter Kategory:Yntroduksje út 1930