De shelleyglânsstaar of Shelley's glânsstaar (Lamprotornis shelleyi), ek: shelleyglânsprotter of Shelley's glânsprotter, is in fûgel yn it skaai glânsstaren (Lamprotornis) út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae).

Beskriuwing De boppedielen binne irisearjend mei in blauwe glâns op 'e kop en grien op it grutste part fan 'e wjukken. De fûgel liket in soad op 'e Hildebrandtglânsstaar, mar de eagen binne gieloranje en de búk is donkerder kastanjebrún. Ek liket de fûgel op 'e trijekleurige glânsstaar, mar hy mist de wite boarstbân en hat ek gjin wite ûndersturt.

Fersprieding It ferspriedingsgebiet fan 'e fûgel leit yn Etioopje, Kenia, Somaalje, Sûdan en Tanzania.

De soarte libbet yn drûge savannes mei toarnstrûken. en wurdt meast yn lytse groepkes sjoen, fakentiden mei oare prottersoarten. De soarte is foar in part migrearjend. en is monotypysk, itjinge betsjut dat der gjin ûnderfieling yn ûndersoarten is. Status Shelleyglânsstaren ha in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny ta Behâld fan 'e Natuer (IUCN) hat de soarte dêrom as net bedrige (LC) klassifisearre.

Namme De namme fan 'e fûgel is in earbetoan oan George Ernest Shelley (1840-1910), in geolooch, samler en ornitolooch dy't aktyf wie yn Austraalje, Egypte, Birma, Súd-Sûdan en Súd-Afrika.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Glânsstaar Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania