It dwerchgrûndoke (Columbina minuta) is in fûgelsoarte yn it skaai lytse grûndowen (Columbina) út de famylje dowen (Columbidae).
Beskriuwing thumb|left|Dwerchgrûndoke. De fûgel wurdt 15 sm lang en is trochstrings wat lytser as de oare soarten yn it skaai. It is sels ien fan 'e lytse dowen wat gewicht oanbelanget. De kleur fan 'e fearren is te ferlykjen mei dy fan 'e moskdoke, mar hy mist de swarte plakken oan 'e kanten fan 'e nekke en op it boarst.
It fearrekleed op 'e kop en nekke is blaugriis. It boppeliif is dof griisbrún. De wjukken binne wat reader. It ûnderliif is ljocht wynread. De snaffel is swart. De poatsjes binne rôzich. De ferskillen tusken mantsjes en wyfkes binne lyts.
Fersprieding Dwerchgrûndokes komme yn Midden- en Súd-Amearika foar. Der wurde fjouwer ûndersoarten erkend:
Columbina minuta interrupta: fan súdlik Meksiko oant Belize, Gûatemala en Nikaragûa. Columbina minuta elaeodes: fan Kosta Rika oant it westlike diel fan Sintraal-Kolombia. Columbina minuta minuta: fan eastlik Kolombia en Fenezuëla oer de Guyana's oant súdlik Brazylje en noardeastlik Argentynje. Columbina minuta mazilia: súdwestlik Ekwador en noardwestlik Perû.
Dwerchgrûndokes ha in foarkar foar in drûch lânskip, lykas savannes en tropysk en subtropysk gerslân mei strûken of swier degradearre bosken. Se binne yn 'e regel te finen yn leechlân, minder op heuvels en selden oant 2.100 m hichte.
Hâlden en dragen thumb|left|Nêst. Oerdeis bliuwt de dwerchdo op 'e grûn en rint ynstee fan te fleanen. Nachts sliept er lykwols yn beammen. Syn dieet bestiet út sied. It briedseizoen hinget fan it gebiet ôf dêr't er libbet. Yn Fenezuëla bygelyks briedt it doke it hiele jier troch. De pyk fan it briedseizoen is lykwols fan april oant novimber. It nêst is kwetsber en wurdt op 'e grûn of leech yn strewelleguod boud. In lechsel bestiet út twa wite aaikes. De ynkubaasjetiid is 13 oant 14 dagen. De jongen kinne nei 12 oant 14 dagen útfleane.
Status De populaasje waard yn 2016 tusken 0,5 oant 5 miljoen folwoeksen fûgels rûsd. Op 'e Reade list fan 'e IUCN stiet de soarte as net bedrige (KCn 2020) klassifisearre.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lytse grûndo Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago