thumb|J. Buiskool thumb|De Burgemeester Buiskoolweg yn Over de Dijk Jan Buiskool (Heveskes (gem. Delfsyl), 17 jannewaris 1875 - Grins, 10 febrewaris 1937) Overleden in Groningen - Overlijdensregister Delfzijl 1937, aktenûmer 15 wie in Nederlânske predikant, boargemaster en ryksynspekteur fan de wurkferskaffing.
Libben en wurk Buiskool, soan fan in haadûnderwizer, studearre nei syn gymnasiumoplieding teology yn Grins. Buiskool wie achterinoar predikant yn de plakken Anloo, Holwert, Dronryp en Rie en Boer. Yn 1919 keas er foar in funksje yn it iepenbier bestjoer en waard boargemaster fan de Grinzer gemeente Vlagtwedde; trije jier letter waard er boargemaster fan Delfsyl, in funksje dy't er oant syn ferstjerren yn 1937 ferfoljen bliuwe soe.
Njonken syn boargemasterwêzen hold er him ek dwaande mei de bestriding fan wurkleazens yn Grinslân. Yn 1923 waard er beneamd ta rijksinspecteur der werkverschaffing en steunverleening foar de provinsje Grinslân. Het verhaal van Groningen
Fanwegen syn hurde en ûnfersetlike hâlding oangeande wurkleazen en de lânboubûnen waard er ek wol de Wreker of de Drijver neamd. Dat er net populêr wie ûnder wurkleazen docht bliken út it folgjende liet, songen op de wiis fan "Proletariërs fan alle lannen":
Nei in koartstonnige sykte ferstoar Buiskool yn 1937. Syn begraffenis kaam in massa minsken op ôf. De taskôgers stiene rigen dik lâns de rûte. Ut namme fan it regear waarden wurdearjende wurden oer syn wurk sprutsen troch de doetiidske minister fan Sosjale Saken Marcus Slingenberg, dy't syn wurk typearre as "zegenrijk voor de arbeidende bevolking.
Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:Nederlânsk predikant Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1875 Kategory:Persoan stoarn yn 1937