It Ekwadoraansk grûndoke (Columbina buckleyi) is in fûgelsoarte út de famylje dowen (Columbidae).

Skaaimerken De soarte wurdt 18 sm lang en waacht likernôch 57 gram. De foarholle en it gesicht fan it mantsje binne griisrôze, dat nei it boarst en de ûnderkant djip mauve-rôze wurdt. Syn kroan en nekke binne blau-griis en de boppekant brún-griis. De sletten wjuk toant swarte streken. De sintrale sturtfearren binne griis en de rest swart; de bûtenste hawwe wite punten. It wyfke is bruner as it mantsje mei in mindere rôze waas.

Se komme yn in ferskaat oan lânskippen foar, ynklusyf drûch iepen healleaf- en leafbosk en tichter bosk, tunen, lânbougebieten en fochtige jonge sekundêre bosken op in hichte fan seenivo oant 2.000 m.

Fersprieding Ekwadoraanske grûndokes komme yn Ekwador en noardwestlik Perû foar.

Fan 'e soarte binne twa aparte populaasjes dy't yn twa ûndersoarten ferdield wurde: Columbina buckleyi buckleyi: fan noardwestlik Ekwador oant noardwestlik Perû. Columbina buckleyi dorsti: Marañón Valley (noardwestlik Perû).

Status De IUCN beöardielet de soarte as net bedrige (LC, 2018). De soarte is frij algemien, mar troch de mooglike degradaasje fan de habitat fan 'e soarte wurdt der oannommen dat de populaasje tebekrint.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lytse grûndo Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Perû