Weltersburg is in Ortsgemeinde yn 'e Westerwaldkreis yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts.

Weltersburg leit op in âlde basaltkegel, de Burgberg, sa’n 400 meter boppe seenivo op likernôch 4 kilometer fan it stedsje Westerburg.

Skiednis Yn 'e midsiuwen stie op de Burgberg in kastiel dy’t in wichtige dyk tusken Keulen en Frankfurt beskermje moast. It ûnderhâld fan it âlde kastiel wie yn 1581 al min en yn 1670 wie it kastiel hielendal brekfallich. Fan it âlde kastiel is allinnich noch wat muorrewurk en in skeve toer oerbleaun. Yn 1552 liet Filip fan Reifenberg it saneamde Reiffenberger Schlösschen bouwe, in lyts kastieltsje dat noch jimmeroan oan 'e westlike kant fan it doarp stiet.

Sûnt 1325 stiet der in kapel yn Weltersburg, dy't yn 1518 fergrutte waard. Yn 1425 waard foar it earst ek melding dien fan de Sint-Leonhardkapel bûten Weltersburg. Dy kapel waard yn 1824 ôfbrutsen en ferfongen troch nijbou op itselde plak.

Tichteby Weltersburg leit rjochting Willmenrod in natoermonumint mei de namme Kranstein. It is in âlde basaltberch, ûntstien troch fulkanyske aktiviteit mear as 25 miljoen jier lyn. De Kranstein waard yn 2020 útroppen ta "Geotoop fan it Jier" yn 'e regio Westerwald-Lahn-Taunus.

Tige opfallend is it âlde wynrêd út 1912, dat brûkt waard om wetter út de grûn te pompen. It wynrêd is foar it doarp in wichtich symboal en it komt ek yn it wapen foar.

Ofbylden

Kategory:Plak yn Rynlân-Palts Kategory:Gemeente yn Rynlân-Palts