Springen of ljeppen is in foarm fan fuortbeweging wêrby't in organisme fia in ballistyske koers troch de loft giet, almeast nei foarren ta. It kin ek fansiden of efterút dien wurde of rjocht omheech, wêrby't men wer op itselde plak delkomt. Ien inkeld gefal fan springen is in sprong. Springen wurdt ûnderskaat fan rinnen trochdat dejinge dy't it docht mei beide fuotten (yn it gefal fan minsken) of mei alle poaten (yn it gefal fan bisten) fan 'e ûndergrûn los komt. It ûnderskiedt him fan draven en fjouwerjen trochdat de tiid fan folslein los wêzen fan 'e ûndergrûn merkber langer duorret en folle ûngeregelder is as it hiel koarte en regelmjittige skoftke dat soks by draven en fjouwerjen foarkomt.
Foarmen fan springen Springen wurdt faak ûnderferdield neffens it oerbringen fan it lichemsgewicht fan foet nei foet. Op dy manear kinne fiif basale foarmen fan springen ûnderskaat wurde: springen: ôfsette mei ien foet en delkomme op 'e oare foet hinkeljen: ôfsette mei ien foet en delkomme op dyselde foet huppen of hippen: ôfsette mei beide fuotten en delkomme op beide fuotten assemblé: ôfsette mei ien foet en delkomme op beide fuotten sissonne: ôfsette mei beide fuotten en delkomme op ien foet
Springen by bisten Guon bisten hawwe springen as wichtichste foarm fan fuortbeweging. Men kin dan tinke oan kangoeroes en sprinkhoannen. Beskate oare bisten brûke it net as wichtichste foarm fan fuortbeweging, mar sette it wol faak yn om oan rôfdieren of oare gefaren te ûntkommen. Foarbylden dêrfan binne kikkerts en flieën.
Springen by minsken Sport Springen is ûnderdiel fan ferskate dissiplines fan 'e atletyk, wêrûnder heechspringen, fierspringen, horderinnen en ek hink-stap-springen, dat trije ferskillende soarten sprongen omfettet. It makket dêrnjonken ek ûnderdiel út fan in wintersport as it keunstriden, fan 'e strjitsport parkour en fan beskate dissiplines fan it turnjen (bgl. de flier). Ek yn 'e hynstesport komt springen as dissipline foar. Fierders binne der sporten (of dissiplines fan sporten) wêrby't sprongen wurdt mei help fan foarwerpen, lykas fierljeppen (mei in pols), heechljeppen (mei in stôk), trampolinespringen (mei in trampoline) en skânsspringen (mei skys en in skyskâns).
Dûns Springen komt yn 'e minsklike kultuer ek foar as ûnderdiel fan dûnsjen, lykas by ballet.
Kategory:Fuortbeweging