Bergharen is in doarp yn it Lân fan Maas en Waal yn 'e Gelderske gemeente Wijchen. It doarp leit by in âlde rivierdún, dy't fan Heumen oan Horssen leit en foar in grut part mei bosk begroeid is.
It doarp hat twa tsjerken. De âlde 15e-iuwske tsjerke is hjoed-de-dei de protestantske tsjerke. Fierder is der in oan Sint-Anne wijde katolike tsjerke út 1894.
Bestjoer Bergharen waard yn 'e Frânske tiid in gemeente. Op 1 jannewaris 1818 waard it oanbuorjende Hernen oan 'e gemeente tafoege en op 1 jannewaris 1984 waarden de gemeente opheft en de doarpen by de gemeente Wijchen foege.
Beafeartsplak It doarp is ek offisjeel in beafeartsplak. Sûnt de 14e iuw is der in Marijeferearing, in inisjatyf fan 'e Sistersjiinzerske muontsen fan it kleaster Kamp yn Dútslân dy't tichteby yn 1302 grûn oankochten om in úthôf te bouwen. De oarpronklike kapel waard nei de reformaasje ôfbrutsen, mar it genedebyld waard nei it kastiel Hernen brocht en de ferearing fan Marije gyng dêr gewoan troch. Yn 1927 waard it byld werom helle nei Bergharen en yn 'e jierren 1930 folge de bou fan in kapel foar it genedebyld.
Ofbylden
Kategory:Plak yn Wijchen Kategory:Plak yn Gelderlân Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1984