Fedde Hoekstra (Ljouwert, 13 oktober 1970) is in Frysks filmregisseur, akteur en byldzjend keunstner.

Fedde Hoekstra is aktyf yn de filmwrâld, ûnder oare as regisseur, akteur, kameraman, opnamelieder en senarioskriuwer. Syn eftergrûn is byldjende keunst; Hoekstra folge nei de Hafû oan it Lienward Kolleezje yn Ljouwert in oplieding oan de Akademy Minerva yn Grins.CBK Groningen Hy rjochtet him mear en mear op it reigissearjen fan films.

Regisseur Yn 2007 wied er opnamelieder fan de 12-dielige dramarige Boven Wotter foar RTV Noord. Hoekstra regissearre ôfleveringen fan de dramarigen Dankert en Dankert (2007) en Bit (2008). Fierder droech er by oan it regissearjen fan de spylfilm Snuf de Hond in oorlogstijd (2008). Yn 2010 makke Hoekstra de ûnôfhinklike koarte film De boule de boule, mei yn de haadrol Tygo Gernandt. Yn Het Zondagsbed rêdt in ûnôfhinklike Grinslanner boerinne it libben fan in jonge frjemdling. De leafdesrelaasje mei dizze deserteur giet anneks mei de nedige oergeunst.

Hoekstra makket ek opdrachtfilms foar bedriuwen as Albert Heijn, de Nederlandse Gasunie en Sony Nederland.

Filmografy Dankert en Dankert (2007) Bit (2008) Snuf de Hond in oorlogstijd (2008) (bydragen) De boule de boule (2010) 2 Look 4 a View (2013) Club van Sinterklaas D.E.A.L. (2013) Tour de force (2015) Het Spijkerpaleis (2016) Jildau (2019) bewurking fan it boek fan Theun de Vries Ljouwerter wol boek Theun de Vries ferfilmje, Omrop Fryslân, 15 augustus 2016 Het groene goud (2022) (comedyfilm) Het Zondagsbed Fedde Hoekstra krijgt bijdrage voor speelfilm over Groningen, Nationaal Programma Groningen, 16 desimber 2022

Akteur Hoekstra is as akteur te sjen yn ferskate riges en films. Sa wie er yn films fan Steven de Jong te sjen as kontroleur Johan yn De Hel van '63 en as Sundar yn de thriller Stuk!''. Spijkerhoek (1989-1993) Niemand de deur uit! (1993) 12 steden, 13 ongelukken (1990) Bit (2008) De Fûke (2000) Snuf de Hond in oorlogstijd (2008) De Hel van '63 (2009) D.E.A.L. (2013) Stuk! (2014)

Hoekstra makke ek in tal kabaterfoarstellings.

Byldzjend keunstner De keunstwurken fan Hoekstra binne figuratyf en kombinearje ferskate materialen, lykas farve, papier en tekstyl.CBK Grinslân Hoekstra syn skilderijen en tekeningen wiene te sjen op ferskate eksposysjes, ûnder oare yn Galery Pond Du Fada. en Galery Sign tentoansteld.Eksposysje St. Baksteen CBK Grinslân, Boppedat is syn wurk te finen yn de keunstútlienen fan Amsterdamhttp://www.sbk.nl/kunstenaars.html?letter=h en Grins.Katalogus CBK Grinslân

Prizen 2020 - Noordsterren; beste noordelijke film voor Eindbaas (Internationaal Film Festival Assen) 2019 - Beste noordelijke film foar Eindbaas 2011 - Beste rezjy & montaazje foar 'De boule de boule' (MCM Filmfest) 2011 1995 - CJP Poëzieprijs

Kategory: Nederlânsk filmregisseur Kategory: Nederlânsk filmakteur Kategory: Nederlânsk keunstskilder Kategory: Persoan berne yn Ljouwert Kategory: Persoan berne yn 1970