Le Procès-verbal (Frânsk, betsjutting: "It proses-ferbaal") is in roman fan de Frânske/Mauretaanske skriuwer Jean-Marie Gustave Le Clézio, publisearre yn 1963 troch Gallimard, Parys. It boek foarme de trochbraak fan de 23-jierrige debutant en waard fergelike mei wurken lykas L'Étranger fan Albert Camus en La Nausée fan Jean-Paul Sartre. Der is lykwols gjin útjefte yn it Frysk fan.

Ynhâld De jonge Adam Pollo ferlit syn famylje en pleatst himsels frijwillich bûten de maatskippij, dy't er kâld en ûnminsklik fynt. Hy komt te wenjen yn in ferlitten filla oan de Rivièra en swalket willekeurich troch Nice. Hy wol in nij libben fine en de wrâld mei nije eagen sjen. Syn útsluting wurdt lykwols net akseptearre troch de omjouwing en hy wurdt úteinlik opsletten yn in psychiatrysk sikehûs.

Wurdearring De roman waard yn 1963 bekroand mei de Prix Renaudot. Le Procès-verbal waard yn 1999 opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.

Kategory:Literêr wurk fan J.M.G. Le Clézio Kategory:Frânsktalige roman Kategory:Roman út 1963