Gemert-Bakel is in gemeente yn 'e provinsje Noard-Brabân mei () ynwenners op in oerflak fan 123,62 km². De gemeente ûntstie op 1 jannewaris 1997 troch in fúzje fan 'e eardere gemeente Gemert en de gemeente Bakel en Milheeze. Germert-Bakel makket diel út fan 'e Metropoalregio Eindhoven.
Doarpen De gemeente Gemert-Bakel bestiet út sân offisjele tsjerkedoarpen:
Bakel Ien fan 'e âldste doarpen yn 'e regio is Bakel. It plak waard foar it earst neamd yn 714 en it hat ferskate histoaryske gebouwen, lykas de Sint-Willibrordustsjerke en in standermûne út 1752. Yn Bakel is it Museum De Tolbrug mei in kolleksje âld lânboureau en oar ark. Yn it doarp stiet in Latynske Skoalle en de mûne De Bijenkorf.
De Mortel De Mortel is in agrarysk doarp dat yn 'e 14e iuw ûntstie. It is bekend fanwegen de Mediatower, in 127,7 meter hege kommunikaasjetoer dy't ek in nêstplak is foar falken. De tsjerke fan De Mortel stamt út it jier 1902.
De Rips Sûnt 1875 waard in skieppepleats mei de namme De Rips boud, dy't njonken wat houten en liemen hutten it iennige wenhûs fan 'e Peel wie. De Rips is in jong doarp dat yn 1921 ûntstie en planmjittich troch de Heidemij (tsjintwurdich Arcadis) oanlein waard. It doarp waard boud mei in tsjerke, skoalle en wenten foar arbeiders.
Elsendorp Elsendorp is yn it begjin fan 'e 20e iuw stifte as in agraryske koloanje. It doarp is ferneamd nei de yn Gemert berne pastoar van den Elsen, dy't in wichtige rol spile yn 'e ûntwikkeling fan it gebiet. Yn 1927 is yn it doarp in protestantske tsjerke en pastorije boud.
Gemert It grutste doarp en it bestjoerlik sintrum fan 'e gemeente is Gemert. It doarp hat in rike skiednis mei ûnder oaren it midsiuwske kastiel fan de Dútske Oarder en it Boerenbondsmuseum. Net fier fan it kastiel stiet de Unthalzing fan Sint-Jântsjerke út 1437. De Volksvriend is in rûne boppekruier út 1888 oan 'e Oudestraat rjochting De Mortel. De Bijenkorf is in yn 1975 werboude stellingmûne.
Handel It âldste Marije-beafeartsplak yn Noard-Brabân is Handel, mei in skiednis dy't oant 1368 werom giet. Handel lûkt noch jimmeroan tûzenen pylgers nei de Marije-kapel. Efter de tsjerke leit in prosesjepark út 1910. Yn it plak stiet ek in Natuer Edukatyf Sintrum.
Milheeze Milheeze ûntstie yn 'e lette midsiuwen. De Sint-Willibrordustsjerke is boud yn 1844-1845. Yn Milheeze stiet oan 'e wei fan Bakel nei Milheeze de bultmûne Laurentia út 1893. Oant 1966 wie Milheeze ûnderdiel fan 'e gemeente Bakel en Milheeze.
Natoer De Stippelberg is in grut boskgebiet mei heide eastlik fan Bakel tsjin de grins mei de provinsje Limburch.Natuermonuminten, oproppen 28 maaie 2025. It Beestenveld by Milheeze en De Rips is in kombinaasje fan natuerlik bosk en oanplante bosken.Steatsboskbehear, oproppen 28 maaie 2025. De Bunthorst is in natoergebiet tusken De Rips en Bakel mei drûge heide, bosk en natuerlike greide.Routiq.com, opropppen 28 maaie 2025. De Grotelsche Heide leit tusken Bakel en De Mortel en hat in hege ekologyske wearde mei ferskate plantesoarten.Steatsboskbehear, oproppen 28 maaie 2025.
Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1997 Kategory:Gemeente yn Noard-Brabân