Enno II (om 1505 - Emden, 1540) wie greve fan Eastfryslân. Hy wie soan fan Edzard de Grutte fan Eastfryslân.
Skiednis De Luterske Enno II waard yn 1528 greve fan Eastfryslân en regearre in lang skoft mei syn katolike broer Jehan. Enno II hat wakker yn 't spier west foar de Luterske tsjerke yn Eastfryslân, dy't dêrtroch aloan grutter waard yn Eastfryslân.
Enno II die it minder goed as syn heit. Under it bewâld fan Enno II ferlear Eastfryslân it Jeverlân en Bûtjadingen. It Harlingerlân ferovere hy yn 1530, mar mei stipe fan de hartoch fan Gelre koe Baltasar Oomkens fan Esens op 'e nij haadling wurde yn it Harlingerlân.
Bern Elisabet, * 1531, † 1555 boaske 1553 mei greve Johann V fan Schaumburg-Pinneberg (1531-60), Edzard II * 1532, † 1599 Hedwig, * 1535, † 1616 (1562 troud mei hartoch Otto II fan Breunswyk-Harburch (1528-1603), Anna, * 1534, 1552 Kristoffel, * 1536, † 1566 Jehan, * 1538, † 1591.
Kategory:Greve fan Eastfryslân Kategory:Hûs Sirksena Kategory:Persoan berne yn 1505 Kategory:Persoan stoarn yn 1540