thumb|240px|De Greate Wierrum yn 2005 De Greate Wierrum is in poldermole yn 'e buorskip Greate Wierrum, by it doarp Lytsewierrum yn de gemeente Littenseradiel.

De Greate Wierrum, dy't yn 1921 boud waard, is mei syn flecht fan 11 meter en 30 blêden ien fan de gruttere Fryske Amerikaanske wynmotors. Hy is fan it type Herkules Metallicus en stiet sawat in kilometer ten suden fan Lytsewierrum oan de Alde Ried, healwei de wei nei Skearnegoutum. De mole, dy't eigendom is fan it Wetterskip Fryslân, is mealree en kin op ôfspraak besichtige wurde. Grutte Wierum is in ryksmonumint.

Sjoch ek Wynmotors yn Fryslân

Keppeling om utens molendatabase nûmer 31

Kategory:Lytsewierrum Kategory:Mole yn Littenseradiel Kategory:Mole yn Súdwest-Fryslân Kategory:Ryksmonumint yn Littenseradiel Kategory:Ryksmonumint yn Súdwest-Fryslân Kategory:Poldermole Kategory:Bouwurk út 1921