thumb|Diet Huber (1988) Diet Huber oftewol Berendina Barkey-Huber (Ljouwert, 9 april 1924 - Amsterdam, 7 oktober 2008) wie in Frysk skriuwster en yllustratrise fan berneboeken. Se hat in grut tal berneboeken yn it Frysk en Hollânsk makke, mar se waard benammen bekend as de ‘Mem fan Tutte', it bekendste berneferske út 1953.

Libben Yn 1946 gie se nei Amsterdamse keunstnijverheidskoalle, de foarrinner fan de Rietveld Akademy. Dêr siet se fjouwer jier lang yn ’e yllustraasjeklasse. Nei ôfrin reizge se foar in jier nei Stockholm ta dêr’t se wurke as freelancer. Se makke dęr yllustraasjes foar boeken en tydskriften, mar stjoerde ek ferhalen op. Yn 1952 frege Friesche Koerier-haadredakteur Fedde Schurer har foar de bernerubryk De Kleine Koerier. It waard de oanset ta har twatalich skriuwerskip. Diet Huber skreau foar de Friese Koerier fan 1952 oant 1961. Op fersyk fan Wim Hora Adema hat se - as opfolchster fan Annie M.G. Schmidt – njoggen jier berneferskes skreaun foar Het Parool. Yn 1954 skreaune Tiny Mulder en Huber mei Jant Visser-Bakker It boek foar de Fryske bern. In boek mei gedichten, riedselrymkes, lietsjes en ferhalen mei yllustraasjes fan Huber.

Musikus Hindrik van der Meer skreau yn de santiger jierren muzyk op ferskillende gedichten fan de wurdkeunstneresse.

Wurk Berneboeken 1955 - Tutte mei de Linten : ferskes (út de ‘Friese Koerier’) (12e printinge yn 2012) 1957 - De Mâlbroekmich (3e printinge 1982) 1959 - De uil met de zeven zuurtjes 1963 - De snars, de fluit, de sikkepit 1973 - Tutte mei de linten 1976 - De Teltsjebeam (2e printinge 1979) 1979 - De Veter-eter 1979 - Fryske poesyalbumferskes 1980 - It abee fan Boukje 1980 - Poesiealbumversjes 1981 - Elleke is boos 1981 - Letje Annabetje Bot 1986 - Rinske en de stoomtram 1989 - Daar moet je nou een beest voor zijn 1993 - Blinder de boekeflie 1993 - Meisjes trouwen toch (zei tante Dirkje) 1994 - Ald wyfke hie in mûtske makke? Old grannie make a little hat 1996 - It telboekje fan Boukje 1999 - De Koeterwalen 2000 - Zeven zeven 2001 - De magogel 2002 - De sprookjesprins

Ferhalebondels 1988 - Nûmer alve- koartswillige autobiografyske ferhalen

Prizen 1957 - De Mâlbroekmich : nominaasje bêstfersoarge Nederlânske boek 1959 - De uil met de zeven zuurtjes, nominaasje Gouden griffel 1980 - Bekroaning fan It abee fan Boukje yn it ramt fan de Premio Europea di Padua

Keppeling om utens Artikel oer Diet Huber yn it Frysk Deiblêd Diet Huber op Tresoar

Kategory:Frysk berneboekeskriuwer Kategory:Frysk yllustrator Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Frysk persoan fan Switserdútsk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1924 Kategory:Persoan stoarn yn 2008