Joast Hiddes Halbertsma (folút: Justus Hiddes Halbertsma; Grou, 23 oktober 1789 - Dimter, 27 febrewaris 1869)Breuker 1993, s. 588.Breuker 2016, s. 1126.Rademaker-Helfferich. wie in Frysk skriuwer, dichter, dûmny, leksikograaf en taalwittenskipper.Breuker 1993, s. 587-591. Hy kaam benammen bekend te stean om 'e ferhale- en dichtbondel De Lapekoer fan Gabe Skroar, dy't er mei syn broer Eeltsje skreau, en wêrfan't de earste printinge yn 1822 publisearre waard.Breuker 1993, s. 594.Dykstra en Oldenhof, s. 37. Neitiid waard dat wurk almar fierder útwreide, ek mei bydragen fan 'e trêde broer, Tsjalling, oant alle proaza en poëzij fan 'e bruorren Halbertsma yn 1871 postúm sammele waard en ferskynde as de ferneamde Rimen en Teltsjes.Breuker 1993, s. 603-606.Dykstra en Oldenhof, s. 37. Hoewol't de literêre wearde fan 'e bondel neitiid troch guon resinsinten yn 'e kiif steld waard,Breuker 1993, s. 594-596. is it net te ûntstriden dat de Rimen en Teltsjes in rol fan krúsjaal belang spilen by it ûntjaan fan in nije literêre Fryske tradysje nei't de taal trije iuwen lang suver allinnich as sprektaal brûkt wie.Dykstra en Oldenhof, s. 37.Jensma, s. 197.

Libben Jonkheid en komôf Joast Hiddes Halbertsma waard op 23 oktober 1789 berne te Grou,Breuker 1993, s. 588.Breuker 2016, s. 1126.Dykstra en Oldenhof, s. 38.Rademaker-Helfferich. yn syn âldershûs oan 'e Kowemerk,Wiersma, s. 7. as de âldste soan út it gesin fan bakker en keapmanBreuker 1993, s. 587.Oppewal en Boorsma, s. 16.Wiersma, s. 7. Hidde Joasts Halbertsma (1756-1809)Breuker 1993, s. 587.Rademaker-Helfferich.Terpstra, s. 317. en dy syn frou Ruerdtsje (of Riurtk)Wiersma, s. 7. Tsjallings Binnerts (1767-1809).Breuker 1993, s. 587.Rademaker-Helfferich.Terpstra, s. 317.Wiersma, s. 7-8. Hy hie trije jongere bruorren: Tsjalling (1792-1852),Breuker 1993, s. 591.Terpstra, s. 316.Wiersma, s. 7. Binnert (1795-1847),Breuker 1993, s. 587.Terpstra, s. 316.Wiersma, s. 7. en Eeltsje (1797-1858).Breuker 1993, s. 592.Terpstra, s. 316.Wiersma, s. 7. Twa letter te wrâld kommen bern stoaren al hiel jong,Terpstra, s. 316. it jonkje yn 1803,Wiersma, s. 7. en it famke yn 1805.Wiersma, s. 7. De bruorren hongen sterk oaninoar, mooglik as gefolch fan it feit dat harren âlden beiden yn 1809 jong kamen te ferstjerren, doe't Joast krekt tweintich jier wie en de oaren noch jonger.Oppewal en Boorsma, s. 16.Terpstra, s. 317.Wiersma, s. 8-9. Joast, Tsjalling en Eeltsje, dy't as auteurs letter mei-inoar bekend komme soene te stean as de bruorren Halbertsma,Hemminga, s. 56.Jensma, s. 197. lieken mear op harren heit, wylst Binnert mear útskaaide nei harren mem.Breuker 1993, s. 587.

Ruerdtsje Binnerts kaam út in foaroansteand Grouster laach.Breuker 1993, s. 587.Oppewal en Boorsma, s. 16. Har famylje wie minnistysk,Breuker 1993, s. 587.Oppewal en Boorsma, s. 16. en hoewol't har man fan hûs út herfoarme wie, gied er nei syn houlik oer nei har leauwe.Breuker 1993, s. 587. Ut brieven fan Joast komt hja nei foarren as in betûft sakefrou, in leafhawwende mem en in djip leauwich minske.Wiersma, s. 8. Oer Hidde Halbertsma, de heit, is folle minder bekend. Men wol wol hawwe dat er foar syn trouwen farrensman west hie.Wiersma, s. 8. Hy moat guodlik fan aard west hawwe, mar wie gau rekke, en dan koed er raar fan him ôfbite.Wiersma, s. 8. Yn 1784 publisearre er yn it Nederlânsk in lang gedicht mei as titel Schrikkelijke IJsgang en Overstroominge in Gelderland.Wiersma, s. 8. Ut dat yntrigearjende wurk kin ôflaat wurde dat syn soannen har literêre oanlis net fan in frjemd hiene.Wiersma, s. 8.

Yn 1858 die Joast Halbertsma sels it ferskil tusken de famyljes fan syn âlden út 'e doeken doe't er skreau: "Men kin de Halbertsma's net ûntsizze dat se mear feardichheid en fluchheid fan begryp, mear handichheid, faasje en talint hiene as de famylje fan Ruerdsje Tsjallings; mar wat hat dat alles harren holpen tsjin 'e earmoede, dêr't de measten yn ferfallen binne, wylst de famylje fan Ruerdtsje Tsjallings oant op 'e dei fan hjoed in frij algemiene wolfeart yn 'e deftige boargerstân hanthavenje kin?"Breuker 1993, s. 587. Tsjin 'e oermacht fan lju dy't kalm en mei ferdrach ryk waarden, skreau er op in oar plak, wisten de Halbertsma's "har net oars as troch de satire te wreekjen."Breuker 1993, s. 587.

Oplieding, beropping en gesin Mem Ruerdtsje wie de driuwende krêft efter it trochlearen fan har soannen.Breuker 1993, s. 587.Oppewal en Boorsma, s. 16. Sa bewurkmastere se dat Joast earst in jier nei de Frânske skoalle yn Ljouwert gie, en dêrnei fan 1801 oant 1806 ûnderwiis folge oan 'e Latynske skoalle,Breuker 1993, s. 588.Rademaker-Helfferich. dêr't er les krige fan rektor Valentinus Slothouwer.[boarne nedich] Op oanstean fan syn mem en fan 'e minnistyske predikant Jan Brouwer fan Ljouwert keas Joast Halbertsma foar in oplieding yn 'e teology.Breuker 1993, s. 588. Dêrta studearre er fan 1807 oant 1813 oan it Doopsgesind Seminaarje yn Amsterdam,Breuker 1993, s. 588.Rademaker-Helfferich.Terpstra, s. 317.Wiersma, s. 9. dêr't er kolleezjes folge fan û.o. perfester Rinse Koopmans,Breuker 1993, s. 590. en him behalven yn teology ek ferdjippe yn 'e Noardgermaanske talen.Rademaker-Helfferich. Yn 1814 krige er in oanstelling as dûmny te Boalsert, dêr't er oant 1821 bleau.Breuker 1993, s. 588.Breuker 2016, s. 1126.Rademaker-Helfferich.Terpstra, s. 317.Wiersma, s. 9. Dêrnei stied er fan 1822 oant syn emeritaat yn 1856 yn it Oeriselske Dimter.Breuker 1993, s. 588.Breuker 2016, s. 1126.Oppewal en Boorsma, s. 16.Rademaker-Helfferich.Terpstra, s. 317.

Halbertsma troude op 10 maaie 1816Rademaker-Helfferich. mei Johanna Iskjen Hoekema (1794-1847), in dûmnysdochter út Warkum dy't út in begoedige boargerlaach kaam.Breuker 1993, s. 588.Rademaker-Helfferich. Troch syn frou krige Halbertsma de state Westerein, ûnder Warkum, yn besit, dêr't er by 't simmer wol gauris in pear wiken mei syn gesin fakânsje hold.Breuker 1993, s. 588. Ofsjoen dêrfan bleau er fan 1822 ôf syn hiele fierdere libben yn Dimter te wenjen.Breuker 1993, s. 588. Halbertsma en de frou krigen fiif soannen út in goed mar net probleemleas houlik,Rademaker-Helfferich. wêrfan't Petrus, Hidde en Tsjalling trochlearden yn taalkunde of medisinen, wylst Watse en Binnert seeman waarden.Breuker 1993, s. 588. As heit ûnderfûn Halbertsma gâns leed: syn soan Petrus kaam al yn 1851 te ferstjerren yn in psychiatrysk sikehûs, en hy belibbe ek noch dat Binnert yn 1861 stoar, wylst Hidde yn 1865 de hân oan himsels sloech.Breuker 1993, s. 588.

Literêr wurk Halbertsma wie yn syn studintetiid sterk foarme troch syn kunde oan 'e begoedige en ynfloedrike Amsterdamske keapman Jeronimo de Vries, dy't in nasjonale keunst foarstie, ynspirearre op 'e Gouden Iuw. Dêrmei gied er yn tsjin modernere opfettings, lykas dy fan Hiëronymus van Alphen en Johannes Klinker.Breuker 1993, s. 588. Foar Halbertsma, dy't earst Fries en dêrnei pas Nederlanner wie, betsjutte dat in oriïntaasje op nasjonale Fryske ideälen.Breuker 1993, s. 588-589.Breuker 2016, s. 1126. Dêrút kaam fuort dat er him letter yn syn libben twa doelen stelde.Breuker 1993, s. 589. Yn it foarste plak wie it him te dwaan om it behâld fan 'e Fryske taal troch dy wer as skriuwtaal te brûken nei't er trije iuwen lang hast allinnich mar as sprektaal brûkt wie.Boelens et al., s. 116.Breuker 1993, s. 589.Wiersma, s. 11. Yn it ferlingde dêrfan woed er de Friezen ek wer yn har eigen taal oan it lêzen krije (oars hie it skriuwen yn it Frysk ommers ek net folle sin) en it Fryske taaleigen fêstlizze yn in wurdboek, dat it earste Frysk wurdboek ea wurde soe.Breuker 1993, s. 589. En yn it twadde plak woed er ferneamde Friezen út it ferline foar it fuotljocht bringe om 'e lju út syn eigen tiid ta foarbyld te tsjinjen.Breuker 1993, s. 589.

Om syn earste doelstelling te ferwurklikjen, moast Halbertsma mei syn skriuwwurk trochkringe yn it deistich libben fan it Fryske folk.Breuker 1993, s. 589. Dat slagge him troch mei syn broer Eeltsje oan it skriuwen fan folksliteratuer te gean.Wiersma, s. 11. De steat en maatskiplike status fan it Frysk fan dy dagen kin ôflêzen wurde oan it feit dat Halbertsma en syn bruorren, wylst se omraak krewearren foar it brûken fan it Frysk as skriuwtaal foar poëzij en proaza, foar harren ûnderlinge briefkerij ta it Nederlânsk ferfoelen, en dat dat har blykber net as nuver oankaam.Boelens et al., s. 116. Om't Halbertsma syn libben lang as besoarger fan it wurk fan Eeltsje fungearre, wie harren literêre wurk fan it begjin ôf oan oaninoar keppele.Breuker 1993, s. 593. De taalkundige en frisist Foeke Buitenrust Hettema omskreau Halbertsma sadwaande letter as de 'ympressario' fan syn bruorren Eeltsje en Tsjalling.Wiersma, s. 11. Yn 1822 waard harren iere wurk bondele ûnder de titel fan De Lapekoer fan Gabe Skroar, in boekje mei 36 siden dêr't seis gedichten en ien koart ferhaal yn stiene.Dykstra en Oldenhof, s. 37. Dat wurk waard taskreaun oan 'e fiktive, ier stoarne skriuwer út earder tiid 'Gabe Skroar', in boeresoan dy't oer de side rûn en dêrom skroar waard.Breuker 1993, p. 597.Twerda, p. 297. Dat personaazje hat foar 't neist in skepping fan Eeltsje west.Breuker 1993, p. 597. Jin te ferskûljen efter sa'n fiktyf auteur wie doedestiden frij normaal.Breuker 1993, s. 597.Twerda, s. 297.

De earste printinge fan De Lapekoer fan Gabe Skroar, út 1822, hie in oplaach fan 200 eksimplaren.Breuker 1993, s. 594.Dykstra en Oldenhof, s. 37.Oppewal en Boorsma, s. 16.Terpstra, s. 313.Twerda, s. 297-298.Wiersma, s. 5, 11. Dy waarden lykwols net ferkocht, mar op kosten fan Halbertsma ferspraat ûnder kunde fan sines yn hiel Fryslân.Breuker 1993, s. 594.Oppewal en Boorsma, s. 16.Twerda, s. 298. Dêrmei makke er in fraach nei mear fan soksoarte lektuer wekker dy't earder net bestien hie.Breuker 1993, s. 594.Hemminga, s. 56.Twerda, s. 298. De ferhalen en gedichten wiene nammentlik hiel wat oars as de lêzers fan doe wend wiene, net allinnich wat de taal oangie, mar fral ek op it mêd fan 'e skriuwstyl. De eksimplaren fan it boekje giene faak hiele famyljes troch, en net selden waarden de stikjes oerskreaun ear't it bondeltsje trochjûn waard.Terpstra, s. 313.Wiersma, s. 11.

In twadde, útwreide printinge fan De Lapekoer fan Gabe Skroar, mei 237 siden, ferskynde yn 1829, folge troch in trêde, tige útwreide printinge yn 1834, mei krapoan 500 siden op grutter formaat.Dykstra en Oldenhof, s. 37.Terpstra, s. 313.Twerda, s. 298.Wiersma, s. 5, 11. Dêrnei waarden oanfollings apart publisearre yn 1836 (De Noarger Rún oan Gabe Skroar), 1840 (Twigen út in Alde Stamme), 1854 (Leed en Wille en de Flotgerzen) en 1858 (De Jonkerboer en Teltsjes fan de Wize Mannen fan Esonstêd).Dykstra en Oldenhof, s. 37.Bruorren Halbertsma 1958, s. 589-594. Tsjin 'e ein fan syn libben wurke Halbertsma noch mei oan 'e gearstalling fan in diel fan Rimen en Teltsjes, dêr't alle literêre wurk fan 'e bruorren Halbertsma yn gearbrocht waard. Dêrfoar skreau er sels ek noch nij wurk, lykas it koarte ferhaal It Grouwe Pak.Breuker 2016, s. 1127.