Sybrand van Haersma Buma (Warkum, 30 july 1965) is in Nederlânsk politikus fan it CDA. Alhoewol't syn offisjele namme Van Haersma Buma is, wurdt dy faak ôfkoarte ta Buma. Hy wie fan 2010 oant 2019 fraksjefoarsitter fan dy partij yn 'e Twadde Keamer. Op 18 maaie 2012 waard Van Haersma Buma keazen ta partijlieder, wêrnei't er op 30 juny formeel beneamd waard. Earder dielde er it partijliederskip mei fise-minister-presidint en minister Maxime Verhagen en partijfoarsitter Ruth Peetoom. Yn 2019 waard Van Haersma Buma oansteld as boargemaster fan Ljouwert.

Oplieding Nei in atheneumoplieding yn Snits studearre Van Haersma Buma tusken 1983 en 1989 Nederlânsk rjocht oan 'e Ryksuniversiteit Grins. Dêrnei die er in kursus ynternasjonaal rjocht oan 'e Universiteit fan Cambridge. Yn 1990 gong er as stafjurist oan it wurk by de Rie fan Steat.

Funksjes Lid Twadde Keamer Bestjoerslid CDA Súd-Hollân Sekretaris CDA keamerrûnte De Haach Riedslid gemeente Leidsendam-Foarburch Bestjoerslid stifting fraksjeburo CDA Fan (12 oktober) 2010-2019 fraksjefoarsitter fan de Twadde Keamerfraksje fan it CDA Fan (18 maaie) 2012-2019 partijlieder fan de Twadde Keamerfraksje fan it CDA 2019-no boargemaster fan Ljouwert

Publikaasjes Sybrand Buma: 'Verwarde tijden!’ die om richting vragen. H.J. Schoo-lezing 2017. Amsterdam, Uitgeverij Elsevier Weekblad, septimber 2017. Sybrand Buma: Tegen het cynisme. Voor een nieuwe moraal in de politiek. Amsterdam, Prometheus, 2016. Sybrand Buma: Samen kunnen we meer. Schoorl, Utjouwerij Conserve, 2012. Sybrand van Haersma Buma: Over het toetsen van wetten aan de grondwet. Een blik op de kern van de democratie. Ljouwert, Universitaire Pers Fryslân, 2004. Gjin ISBN Sybrand van Haersma Buma: Wiardus Willem Buma en het geheugen van Friesland. Utjouwerij Wijdemeer, 2024. Biografy Wiardus Willem Buma.

Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk konservatyf Kategory:Frysk politikus Kategory:Nederlânsk amtner Kategory:Nederlânsk konservatyf Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk gemeenteriedslid Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:Boargemaster fan Ljouwert Kategory:CDA-politikus Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Warkum Kategory:Persoan berne yn 1965