Foarfallen Alle oerheidsfunksjes wurde konsintrearre yn Auwerk. De stêd wurdt hjirmei de haadstêd fan it greefskip, en lettere foarstendom, East-Fryslân. Minister Thomas Cromwell stelt Hindrik VIII foar om te boaskjen mei Anna fan Kleef omdat it Dútske protestantisme foardielen biede soe boppe it katolisisme. Hindrik is teloarsteld as hy har sjocht mar boasket har al omdat hy bang is om de hartoch fan Kleef oars yn de earmen fan keizer Karel V te driuwen. As hy hjir foardiel yn sjocht, lit hy him skiede fan Anna. Keizer Karel V ferbliuwt koarte tiid op it kastiel fan de festingstêd Heusden. Der brekt om Koartryk in folksopstân út. Hindrik de Fromme wurdt hartoch fan Saksen.

Berne

Ferstoarn 17 april - Joaris mei it Burd, hartoch fan Saksen en potestaat fan Fryslân (* 1471) 1 maaie - Isabella fan Portegal, keninginne fan Spanje.

Kategory:16e iuw