Foarfallen Mei jildlike stipe fan Hollân wurdt in Utert oan de bou fan de Fredenburch begûn. It is de bedoeling dat dêrfoar de roerige gilden einlik it swijen oplein wurdt en de stêd foargoed yn de Boergondyske stokken brocht wurdt. Hindrik fan Beieren, biskop fan Utert, stiet de wrâldske macht fan Utert ôf oan Karel V, foar syn beskerming tsjin Gelre. Karel V wurdt lienhear fan Utert en it Oersticht.

Troepen fan de Gelderske fjildhear Maarten fan Rossum plonderje en brânskatte De Haach

Berne 25 augustus - Luis de Requesens y Zuñiga, Spaansk ealman, militêr en lânfâd fan de Nederlannen († 1576) datum ûnbekend Hessel fan Aysma, Frysk jurist en steatsman († 1592) (mooglik berne yn 1527) Sibrandus Leo, Frysk skiedskriuwer en geograaf († 1583) (mooglik berne yn 1529)

Ferstoarn Albrecht Dürer - Dútske skilder en graveur (*1471). 14 febrewaris - Edzard I, Edzard de Grutte yn Emden (*1461) greve fan East-Fryslân fan 1492 ôf.

Kategory:16e iuw