Sephyros wie in Fryske Gothicmetalband oprjochte yn Ljouwert en wie aktyf tusken 2002 en 2010. Yn 2007 brocht de band de EP Anemos út.

Biografy De band waard oprjochte yn 2002, lykwols wienen der yn it earste jier noch wat besettingswikselings. De earste moannen waarden bestege oan it skriuwen fan eigen nûmers, mar al gau trede de groep ek op. It publyk reagearre posityf en ek de media wienen foar it meastepart posityf.

Sephyros hat spile as stipjend optreden foar bands as: Delain, Autumn, The Gathering, Asrai, Nemesea en After Forever.

Yn 2008 die de band in goai nei de Lytse Priis fan FryslânParagoric wint eerste voorronde Kleine Prijs van Friesland mar kamen net oan de finale ta. Nei 2009 is de band der mei ophâlden.

Styl De muzyk is te omskriuwen as in kombinaasje fan symfonyske metal en gothic metal, wylst de groep it lienen fan folk, punk en progmetal ek net mije. Opfallend derby wie dat de band in fioelist hie.

Bandleden Sûnt Sander Stegeman en syn opfolger Niko van der Hoek de groep ferlitten hawwe, is de gearstalling: Menno Terpstra - toetsen Jeroen Bakker - gitaar Paul Keuning - bass / grunt /sjongen Ruben Wijga - fioele Janneke de Boer - sjongen Peter Rinia - drums

Diskografy EP Anemos - (2007) - útbrocht yn eigen behear

Demo Sephyros - (2004) Solemn Oath - (2005)

Kategory:Fryske metalband Kategory:Band oprjochte yn 2002 Kategory:Band opheft yn 2010