Gerben (Germ) Koster (Dokkum, 20 maaie 1891 - dêre, 1 april 1981 wie in Frysk keatser.

Koster helle 288 punten foar it ivich keatsklassemint. Yn 1927 wûn er mei Sake Zijlstra fan Bitgum en Rinze Werkhoven fan Frjentsjer de PC. Gerben Koster waard ta kening útroppen.

Koster wie yn it fjild in rêstige, sympatike, sportive, taktyske spiler. Hy begûn as perkspiler en waard letter, as gefolch fan in net optimaal funksjonearjende earm, opslagger. Hy wie loftshandich en koe geweldich útslaan. Syn opslach mocht der ek wêze, want de ballen fleagen as kûgels nei it perk. Syn grutte klasse manifestearre er op de Bûnspartij, dat er fiif kear foar de keatsferiening Oostergo út Dokkum wist te winnen. Gerben Koster ferstoar op 1 april 1981 yn de âldens fan 89 jier.

Prizen 1918 - de Bond 5e priis 1920 - de Bond 1e priis 1921 - de Bond 1e priis 1921 - PC 3e priis 1923 - PC 3e priis 1924 - de Bond 1e priis 1926 - de Bond 5e priis 1927 - de Bond 1e priis 1927 - PC 1e priis 1928 - de Bond 2e priis 1929 - de Bond 1e priis 1929 - PC 3e priis 1930 - de Bond 4e priis 1931 - PC 2e priis 1932 - PC 2e priis

Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Persoan berne yn Dokkum Kategory:Persoan stoarn yn Dokkum Kategory:Persoan berne yn 1891 Kategory:Persoan stoarn yn 1981