De poarpergaai (Cyanocorax cyanomelas) is in fûgelsoarte yn it skaai maskergaaien (Cyanocorax) út de famylje kriefûgels (Corvidae).

Skaaimerken De grutte, donkere gaai hat in djippe pearsblauwe kleur en in donkerder kop.

Fersprieding thumb|left|Fûgel yn Súdwest-Brazylje. De fûgel komt foar yn súdeastlik Perû, noardeastlik Argentynje, Bolivia, Paraguay en súdwestlik Brazylje. De soarte wurdt beskôge as monotypysk, wat betsjut dat der gjin ûnderfieling yn ûndersoarten is.

It biotoop bestiet út bosk en boskrânen, dêr't er him beweecht yn groepkes troch de middelste en heechste beamlagen. It ferspriedingsgebiet fan 'e poarpergaai oerlapet mei dat fan 'e fioletgaai. De poarpergaai komt lykwols minder faak foar en is mear bûn oan in habitat fan hegere kwaliteit.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en tocht wurdt dat de populaasje stabyl is. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) beöardielet de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, 2018).

Kategory:Maskergaai Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay