De Rote Armee Fraktion (RAF) wie de aktyfste nei-oarlochske lofts-ekstremistyske terreurgroep yn it doetiidske West-Dútslân. De RAF waard troch de West-Dútske oerheid konsekwint oanmurken as in kriminele groepearring mei de namme Baader-Meinhof-binde. De organisaasje waard yn 1970 oprjochte troch ûnder mear Horst Mahler, Gudrun Ensslin en Andreas Baader, dy't letter selskip krigen fan Ulrike Meinhof. De groep wie ferantwurdlik foar nei alle gedachten op syn minst 34 moarden en gâns bankoferfallen en bomoanslaggen. Yn 1998 melde de RAF dat se harsels opheft hiene.
Yn de perioade 1970-1988 plege de RAF foaral oanslaggen op leden fan it regear, bedriuwslibben en feilichheidstsjinsten yn West-Dútslân. Hoewol't it krekte tal slachtoffers dreech te bepalen is, is dúdlik dat harren terreuraktiviteiten in grutte tol easken, benammen yn Dútslân sels. It wie ien fan de meast gewelddiedige terroristyske groepearringen yn de skiednis fan West-Europa.
Ynsidinteel die bliken dat de organisaasje ek oanwêzich wie yn Nederlân, dat nei alle gedachten as skûlplak en útfalsbasis brûkt waard. Dêr die by min ofte mear tafallige konfrontaasjes fan bliken mei de Nederlânske plysje. Op 22 septimber 1977 waard yn Utert de brigadier Arie Kranenburg deasketten en de haadagent-resjersjeur Leen Pietersen ferwûne troch kûgels út it wapen fan RAF-lid Knut Folkerts en syn freondinne Rosela Dietrich, en by in plysje-ûndersyk yn in flat yn Amsterdam-Osdorp waarden dêr de fingerprinten oantroffen fan RAF-leden Christoph Wackernagel en Rolf Clemens Wagner, dy't fertocht waarden fan belutsenheid by de ûntfiering en de moard op de West-Dútske wurkjouwer-foarsitter Hanns Martin Schleyer, prokureur-generaal Siegfried Buback en bankier Jürgen Ponto. Wackernagel en Gert Schneider, in oar RAF-lid dat foar Wagner oansjoen waard, wiene letter belutsen by in sjitpartij oan de Pieter Calandlaan yn Amsterdam-Osdorp wêrby't de Nederlânske plysjeminsken Piet Zoet, Joop Serno en Herman van Hoogen ferwûne rekken. Ek yn oare Europeeske lannen wiene der slachtoffers, lykas yn Frankryk (1 deade yn 1975) en Sweden (2 deaden yn 1975). Yn West-Dútslân sels wurde yn totaal op syn minst 34 deaden en 58 ferwûnen taskreaun oan terreur-aksjes fan de RAF.
Eftergrûn Bennammen yn de studintebeweging ûntstie der oan de ein fan de sechstiger jierren in groeiende ûnfrede oer it feit dat in soad bestjoerders út it nazy-tiidrek noch hieltyd 'waakten' oer de fûneminten fan de (West-)Dútske mienskip. Dit besef gie lykop mei in krityske analyze fan it kapitalisme en de konsumpsjemaatskippij. Ien fan de doelen fan de Rote Armee Fraktion wie om skjin skip te meitsjen mei de kapitalistyske oarder fan de Dútske maatskippij. It realisearjen fan dit doel seach de groep, yn it him ûndergrûnsk, bewapene tsjin dit systeem fersette.
De namme fan de groep wie ôflaat fan it Japanske Reade Leger, de term "Fraktion" (in ienheid binnen de kommunistyske beweging) waard tafoege om it ferbân mei de ynternasjonale marksistyske striid te beklamjen. De organisaasjestruktuer en hannelwizen wiene foar it grutste part ynspirearre op de Tupamaros, de loftse stedsguerrilla út Oerûguay, en de Braziliaanske ALN (Nasjonale Befrijingsaksje) fan Carlos Marighella, en mei de frijheidsstriders fan de Palestynske diaspora. It is bekend dat der bannen wiene mei de doetiidske Dútske Demokratyske Republyk (DDR). Sa waard oan Inge Viett, lid fan de RAF én de Beweging fan de Twadde Juny, ûnderdak jûn troch de DDR. Bûten de streekrjochte politike belangen yn it ramt fan de Kâlde Oarloch hie de DDR der belang by om op'e hichte te wêzen fan aksjes fan beide groepearringen, om har Stasi-spionnen yn it Westen gjin gefaar rinne te litten as gefolch fan de ferhege paraatheid fan it regear fan de Bûnsrepublyk.
Gearwurking Foar safier bekend wurke de RAF gear mei in pear oare organisaasjes, nammentlik mei it PFLP, en letter mei de Belgyske CCC en de Frânske Action direkte. Der waarden middels dield, lykas wapens en springstof, of se holpen inoar mei de oanskaf derfan. Ek finansjeel stie men inoar by. Dêrneist folgen RAF-leden trainingen yn kampen en krigen se de beskikking oer skûlplakken. Dit soe ûnder mear barre yn de DDR en it Midden-Easten.
Oer de krekte tadracht en de mjitte fan gearwurking is gjin wissichheid. De gemiene dieler fan de partijen wie faak inselde strategyske analyze fan it kapitalisme en ymperialisme. Ek mei de Brigate Rosse, ETA en de IRA soe nei't sein wurdt in gearwurking west hawwe.
Earste generaasje De leden fan de saneamde earste generaasje (besteande út Andreas Baader, Gudrun Ensslin, Horst Mahler, Ulrike Meinhof, Jan-Carl Raspe en ferskate oaren) wiene fan 1970 oant en mei 1972 aktyf. Yn juny 1972 waarden se oanhâlden en koarte tiid letter ta libbenslange finzenisstraffen feroardiele. Fanwegen it gefaar foar de Dútske maatskippij waarden de oppakte groepsleden yn ekstra bewekke finzenissen pleatst. Ut protest tsjin harren detinsjeomstannichheden giene sy meardere kearen yn hongerstaking wêrby't sy faak harren doel berikten. Holger Meins ferstoar lykwols op 9 novimber 1974 by in hongerstaking, nettsjinsteande dat er oan strange twangfieding ûnderwurpen wie.
Noch mear leden fan'e earste generaasje stoaren yn'e jierren 1971-1980 yn 'e finzenis, nei ûnderskate mislearre pogingen fan 'e twadde generaasje om de groepsleden frij te krijen. Allegear stoaren se mei selsmoard as offisjele deadsoarsaak. Bewizen foar it tsjindiel binne net levere, mar ien fan de pear oerlibjenden fan de earste generaasje, Irmgard Möller, hat altyd bestriden dat der selsmoard plege is.
Twadde generaasje thumb|right|260px|De skea nei in bomoanslach op de Amerikaanske loftmachtbasis Ramstein yn 1981 Benammen yn'e hjerst fan 1977 feroarsake de RAF grutte ûnrêst yn Dútslân, dy't late ta in nasjonale krisis. Yn Dútslân stiet dizze perioade bekend as Deutscher Herbst.
Op 30 july 1977 waard Jürgen Ponto, direkteur fan de Dresdner Bank, deasketten. Fierder waard Hanns Martin Schleyer ûntfierd, om de druk op it Bûnsregear op te fieren en de earste generaasje fan de RAF frij te krijen. Om de druk fierder op te fieren, besleat in Palestynske groep kapers, it Folksfront foar de Befrijing fan Palestina, in Lufthansa-fleantúch te kapjen en de passazjiers te gizeljen. Nei't de gizelnimmers troch de arrestaasje-ienheid GSG 9 deade wiene, waarden inkelde oeren letter, yn de iere moarn fan 18 oktober, Baader, Ensslin en Raspe dea yn harren sel oantroffen.
De offisjele ferklearring wie selsmoard, mar hjiroan waard (en wurdt) fan ferskate kanten twivele. Dêrop makke de RAF har driging om Hanns Martin Schleyer te deadzjen wier: de ûntfierde wurkjouwersfoarsitter waard op 19 oktober dea oantroffen yn de kofferbak fan in auto yn it Frânske Mulhouse.
Ien fan de kopstikken fan dizze twadde generaasje fan de RAF wie Brigitte Mohnhaupt. Hja waard op 11 novimber 1982 oppakt en yn 1985 ta fiif kear libbenslang feroardiele. Op 12 febrewaris 2007 waard troch de Dútske justysje besletten har earder frij te litten nei 24 jier finzenisstraf. In oar kopstik binnen dizze twadde generaasje fan de RAF wie Christian Klar. Hy waard tegearre mei Brigitte Mohnhaupt ferantwurdlik hâlden foar de ûntfiering en de dea fan Hanns Martin Schleyer. Klar waard yn 1985 ta seis kear libbenslang en fyftjin jier feroardiele foar njoggen moarden. Op 24 novimber 2008 waard bekend makke dat Christian Klar op 3 jannewaris 2009, nei 26 jier finzenskip, op boarchtocht frij komme soe.
Begjin tachtiger jierren hold in groep fan 10 RAF-leden op mei harren aktiviteiten. Sy setten as "Aussteiger" ôf nei de DDR, dêr't sy in nije identiteit krigen. Yn 1990 waarden dêr nei de fal fan De Muorre inkelde flechtfuottige eardere RAF-leden identifisearre.
Tredde generaasje Nei de twadde generaasje wie der noch in Tredde generaasje fan de RAF. Ien fan de lieders hjirfan wie Birgit Hogefeld. Hja waard yn juny 1993 oppakt by in antyterreuroperaasje. In meifertochte fan har en in plysjeman kamen hjirby om it libben. De tredde generaasje wie al in stik minder aktyf as de foarige; de wichtichste oanslach op har namme wie dy op de nijbou fan de finzenis yn Weiterstadt op 27 maart 1993.
Birgit Hogefeld waard yn 1996 feroardiele ta in libbenslange finzenisstraf fanwegen de moard op in Amerikaanske militêr en in bomoanslach op de Amerikaanske fleanbasis Frankfurt am Main yn 1985. Hogefeld waard op 21 juny 2011 frijlitten.
In oar lid wie de keunstneres Eva Sybille Haule. Sy besocht ein 1984 in oanslach te plegen op in NAVO-opliedingssintrum yn Oberammergau. Dizze oanslach mislearre troch technysk falen. Fierder siet se achter de moard op de yndustrieel Ernst Zimmermann yn febrewaris 1985. Yn 1986 waard se oppakt en yn 1994 ta libbenslange finzenisstraf feroardiele foar trijefâldige moard en 23 pogingen ta moard. Haule waard op 17 augustus 2007 alwer frij litten.
1998: RAF opheft Op 20 april 1998 ûntfong it parseburo Reuters in ferklearring fan acht siden, dêr't de RAF yn ferklearre harren opheft te hawwen. "Vor fast 28 Jahren, am 14. Mai 1970, entstand in einer Befreiungsaktion die RAF. Heute beenden wir dieses Projekt. Die Stadtguerrilla in Form der RAF ist nun Geschichte." Bewizen foar de echtens fan de ferklearring besteane lykwols net.
De aksjes fan de RAF hawwe mei-inoar sa'n 48 deadlike slachtoffers easke. Neist politike oanslaggen, dêr't ûntfiering en ôfparsing as middels by brûkt waarden, plege de RAF (lykas wenst yn it stedsguerrilla) ek tal fan bankoferfallen en stellerijen ta finansiering fan har doelstellingen.
List fan RAF-leden Hjirûnder in (ûnfolsleine) list fan RAF-leden. Guon waarden pas nei har lidmaatskip oppakt en feroardiele. Inkelde oaren wurde noch socht.