Beo's (Gracula) binne in fûgelskaai fan Aziatyske fûgels yn 'e famylje protterfûgels (Sturnidae).

Beskriuwing thumb|left|Ferskillen koptekening tusken de fiif soarten fan it skaai. De fûgels yn it skaai binne tusken 25 en 30 sm lang en ha in soad fan inoar. Se binne allegear glânzgjend swart en ha wite plakken op 'e hânpinnen, dy't fral yn 'e flecht opfalle. Fierder ha se giele of oranje stikjes hûd sûnder fearren op 'e kop en ek giele of oranje lellen. Ek de poaten en de snaffel binne giel oant oranje. Njonken de geografyske fersprieding en it formaat ferskille de soarten yn it skaai fan inoar troch de foarm en it plak fan 'e giele of oranje stikjes hûd. Tusken mantsjes en wyfkes binne gjin ferskillen. Juvenilen ha in doffere snaffel.

De fûgels binne ferneamd fan harren fermogen om de minsklike stim nei te dwaan. It is in populêre kouwefûgel.

Fersprieding It skaai hat fertsjintwurdigers yn tropysk súdlik Aazje fan Yndia, Bangladesj en Sry Lanka, eastlik oant Yndoneezje. De grutte beo is yntrodusearre yn Porto Riko).

Soarten Der binne fiif erkende soarten yn it skaai:

Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding Trend 120px grutte beo Gracula religiosa Nepal, Sikkim, Bûtan, Arunachal Pradesh, Lytse Himalaya 25pxGracula religiosa op BirdLife International 120px Yndyske beo Gracula indica Súdwest-Yndia, Sry Lanka 25pxGracula indica op BirdLife International 130px Niasbeo Gracula robusta Nias en oanbuorjende eilannen 25pxGracula religiosa op BirdLife International 120px Srylankaanske beo Gracula ptilogenys Sry Lanka 25pxGracula ptilogenys op BirdLife International Tenggarabeo Gracula venerata Yndoneezje 25pxGracula ptilogenys op BirdLife International

Taksonomy Oant noch net lang lyn waarden mar twa soarten erkend, de G. religiosa en de G. ptilogenys. Earder waarden alle Gracula mei in grut ferskaat ûnder de berchbeo (of grutte beo) set. In pear ûndersoarten fan 'e G. religiosa wurde jimmeroan mear as aparte soarten beskôge. De Srylankaanske beo waard earder as in ûndersoarte fan 'e grutte beo beskôge, mar hjoed-de-dei behannelje alle belangrike autoriteiten de fûgel as in aparte soarte. Sa waarden ek de Engganobeo, de Niasbeo en de Tenggarabeo tradisjoneel as ûndersoarten fan 'e gewoane berchbeo beskôge, en guon autoriteiten dogge dat noch. De Engganobeo (Gracula religiosa enganensis) dy't op it eilân Enggano libbet, wurdt sûnt in taksonomyske feroaring yn 2025 fannijs as in ûndersoarte fan 'e grutte beo beskôge.

Kategory:Fûgelskaai Kategory:Protterfûgel