De Afrikaanske boskmûzen (wittenskiplike namme: Hylomyscus) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en de ûnderfamylje fan 'e mûzen en rotten fan de Alde Wrâld (Murinae). Ta dit skaai hearre 21 ûnderskate soarten, dy't allegearre endemysk binne yn Afrika besuden de Sahara.
Skaaimerken en libbenswize Afrikaanske boskmûzen hawwe grutte, rûne earen en in lange, fine sturt. De kop-romplingte bedraacht 7–12 sm, de sturtlingte is 10–171/2 sm en it gewicht berint 8–42 g. Afrikaanske boskmûzen binne nachtdieren mei in omnivoar dieet, dat benammen opmakke is út fruchten, sieden en ynsekten. Oangeande biotoop jouwe se de foarkar oan tropyske reinwâlden en feangebieten.
Soarten
skaai Afrikaanske boskmûzen (Hylomyscus) H. aeta-kloft Okuboskmûs (Hylomyscus grandis) ribde boskmûs (Hylomyscus aeta) H. alleni-kloft allenboskmûs of Allens boskmûs (Hylomyscus alleni) Angoleeske boskmûs (Hylomyscus carillus) Benynske boskmûs (Hylomyscus pamfi) platsnútboskmûs (Hylomyscus simus) stellaboskmûs (Hylomyscus stella) walterverheyenboskmûs of Walter Verheyens boskmûs (Hylomyscus walterverheyeni) H. anselli-kloft ansellboskmûs of Ansells boskmûs (Hylomyscus anselli) Arc-Mountainboskmûs (Hylomyscus arcimontensis) dwerchboskmûs (Hylomyscus pygmaeus) heinrichboskmûs of Heinrichs boskmûs (Hylomyscus heinrichorum ) kerbispeterhansboskmûs of Kerbis Peterhans' boskmûs (Hylomyscus kerbispeterhansi) Mahaleboskmûs (Hylomyscus mpungamachagorum ) stanleyboskmûs of Stanley's boskmûs (Hylomyscus stanleyi) thorne-smithboskmûs of Thorne-Smiths boskmûs (Hylomyscus thornesmithae) H. baeri-kloft baerboskmûs of Baers boskmûs (Hylomyscus baeri) H. denniae-kloft berchboskmûs (Hylomyscus denniae) fulkaanboskmûs (Hylomyscus vulcanorum) lytspoatboskmûs (Hylomyscus endorobae) H. parvus-kloft Afrikaanske lytse boskmûs (Hylomyscus parvus)
Kategory:Sûchdiereskaai Kategory:Mûseftige