Súdeastaziatyske protters (Sturnia) foarmje in fûgelskaai fan sjongfûgels út de famylje protterfûgels (Sturnidae). De soarten fan it skaai wurde troch guon ek wol by it skaai Sturnus set, mar yn in stúdzje fan 2018 die bliken dat Sturnus in polyfyletyske groep foarme en dêrom waarden de soarten fan dy groep beheind.

Súdeast-Aziatyske protters komme yn Súd- en Súdeast-Aazje foar fan Sina en Yndia oant de Filipinen en súdlik Yndoneezje. Guon soarten ha in beheind en lokaal ferspriedingsgebiet, oaren ha gruttere ferspriedingsgebieten. Harren fearren binne faak in kombinaasje fan sêfte kleuren: griis, brún, wyt, somtiden mei wat giel of saffraankleurige aksinten. De snaffel fan 'e measte soarte is gieleftich.

It binne sosjale fûgels dy't faak yn lytse groepen sjoen wurde, somtiden yn mingde kloften mei oare protters. De typesoarte is de wytskouderprotter.

Soarten It skaai bestiet út fiif soarten.

Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Status / trend 120px wytkopprotter Sturnia blythii net evaluëarre 120px Adamanenprotter Sturnia erythropygia net bedrigeûnbekendSturnia erythropygia op BirdLife. 120px griiskopprotter Sturnia malabarica net bedrigeûnbekendSturnia malabarica op BirdLife. 120px Pagoadeprotter Sturnia pagodarum net bedrigestabylSturnia pagodarum op BirdLife. 120px Wytskouderprotter Sturnia sinensis net bedrigestabylSturnia sinensis op BirdLife.

Kategory:Fûgelskaai Kategory:Protterfûgel