It blaueachgrûndoke (Columbina cyanopis) is in fûgelsoarte út de famylje dowen (Columbidae). De fûgel is in prachtich doke dat lang as útstoarn beskôge waard.

Skaaimerken It 15,5 sm lange doke hat in kanielkleurige kop en in rôze oant sêftbrune hals, boarst en wjukken. De wjukken ha blauwe plakken. De mantel en rêch binne grizich en de búk en ûndersturtfearren binne wyt, wylst de kanielbrune sturt swarte einen hat. De snaffel is swart, de poatsjes binne read en it blauwe each dat de soarte syn namme jout hat in grize eachring.

Fersprieding thumb|left|Biotoop fan it blaueachgrûndoke. De soarte is endemysk yn Sintraal-Brazylje. Blaueachgrûndokes libje op 'e grûn fan 'e cerrado, savanna-eftige gebieten mei drûch gers. De fûgel is ek waarnommen op rysfjilden nei de ripinge.

Status De soarte is in ekstreem seldsume fûgel. Earder waard der fanút gien dat de blaueachgrûndoken útstoarn wienen om't al sûnt 1941 gjin fûgels mear sjoen wienen. Troch it ferlies fan 'e cerrado troch lânbou en ûntbosking en fragmintaasje fan it oerbleaune habitat wie de soarte hast útroege. Om 't de fûgel meast op 'e grûn libbet, dreech waar te nimmen is en der tocht waard dat de soarte al útstoarn wie krige de fûgel yn 'e kritike jierren gjin beskerming. Dêrmei drig de fûgel in foarbyld te wurden fan in soarte dy't yn stilte ferdwynt, oant it hast te let is.

Yn 2015 binne der lykwols dochs wer in pear baueachgrûndokes ûntdutsen yn 'e dielsteat Minas Gerais. Dêrnei waard fuort aksje ûndernommen en foar it doke waard in reservaat fan in lytse 600 ha ynsteld, dat no ûnderdiel is fan it gruttere Botumirim State Park (36.000 ha).abcbirds.org

Der is boppedat in aksjeplan opset om in populaasje yn finzenskip te fokken om mei de jongen de wylde populaasje te fersterken. Dêr is yn 2023 mei útein set troch de organisaasjes Parque das Aves en SAVE Brasil.Edge of Existence: Blue-eyed Ground-dove – the comeback of a species presumed extinct for 75 years! Ek wurdt der sjoen nei oare gebieten om de fûgel te reyntodusearjen.

De IUCN klassifisearret de fûgel as krityk op 'e Reade list.

Keppeling om utens Parque das Aves Save Brazil

Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lytse grûndo Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje