Futuroskope is in Frânsk attraksjepark dat opboud is om de tema's multymedia, sinematografy en futuristyske audio-fisuele techniken hinne. It leit tsien kilometer noardlik fan de stêd Poitiers, en is stichte troch René Monory. By it attraksjepark leit treinstasjon Futuroscope.
It park is yn 1987 iepene, sûnt 2000 is yn it park in TGV-stasjon oan de LGV Atlantique. Yn it park binne ferskate bioskoopsealen, basearre op ûnder oare 3D, IMAX en 360°-techniken. Ek wurde der foarstellingen jûn en binne der attraksjes, wêrfan't inkelde ûntwurpen en boud wurde troch it Nederlânske Jora Vision. De gebouwen yn it park wurde karakterisearre troch in moderne en futuristysk oandwaande arsjitektuer.
Sport Futuroscope is mear as ien kear etappeplak yn de Omgong fan Frankryk. Yn 1990 en 2000 wie de Grand Depárt yn it park. Under mear Frans Maassen, Stephen Roche en Ján Svorada wûnen yn Futuroscope.
Omgong fan Frankryk Datum Etappe Start –Finish Winner 13 july 1986 10e etappe finishplak José Ángel Sarrapio 10 july 1987 10e etappe finishplak Stephen Roche 7 july 1989 6e etappe finishplak Joël Pelier 30 juny 1990 prolooch start &finishplak Thierry Marie 1 july 1990 1e etappe start &finishplak Frans Maassen 2e etappe start &finishplak Panasonic 9 july 1994 7e etappe finishplak Ján Svorada 23 july 1999 18e etappe finishplak Giampaolo Mondini 1 july 2000 1e etappe start &finishplak David Millar 2 july 2000 2e etappe startplak net fan tapassing
Omgong fan Frankryk foar froulju Datum Etappe Start –Finish Winner 30 july 2025 5e etappe startplak net fan tapassing
Kategory:Ferdivedaasjepark yn Frankryk Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1987