It Woordeboek van die Afrikaanse Taal (WAT) is it grutste wurdboek fan it Afrikaansk. It projekt waard mei útein set yn 1926 troch prof. J.J. Smith. Op 7 maaie 1951 ferskynde it earste part dat de letters A o/m C behannele. Yn july 2005 ferskynde it tolfde diel wêryn't de letters P en Q behannele waarden. It trettjinde part dat benammen de letter R behannelet ferskynde yn augustus 2009. Op 28 maart 2003 ferskynde ek de earste elektroanyske ferzje fan it wurdboek. Yn maaie 2021 waard diel XVI presintearre mei it ôfslutende part fan de letter S. It is it lêste part dat yn in printe edysje ferskynd is. De rest sil allinnich digitaal ferskine.

Net allinnich it standert Afrikaansk wurdt behannele, mar ek farianten lykas it Kaaps-Afrikaans en Namakwalands.

It buro dat it WAT op'e noed hat is tsjintwurdich part fan de Universiteit Stellenbosch. It WAT-buro hat ek oare wurken útjûn lykas it Etimologiewoordeboek van Afrikaansk (EWA).

Keppelingen om utens Buro van die WAT WAT Trust It WAT online

Kategory:Wurdboek Kategory:Afrikaansk Kategory:Afrikaansktalich non-fiksjewurk Kategory:Non-fiksjewurk út 1951