Aeropuerto Central Ciudad Real, earder bekend as Don Quijote Airport en South Madrid Airport, is in bûten gebrûk stelde lofthaven súdlik fan Ciudad Real yn Spaanske regio Kastylje-La Mansja. De lofthaven hat, nei Torrejon de Ardes, de langste start- en lâningsbaan fan Spanje.
It is de iennichste ynternasjonale lofthaven fan Spanje dy't yn priveehannen is. De oanlis fan de lofthaven begûn yn 2006, en koste goed 1 miljard euro. De lofthaven iepene yn 2008 mar moast yn 2012 alwer slute fanwegen falisimint. Ein 2013 is de lofthaven te keap oanbean.In bod fan it Sineeske Tzaneen International fan sa'n 10.000 euro mei tasizzing noch ris 100 miljoen te ynvestearjen yn werstelwurksumheden waard troch de rjochtbank ôfkard. Letter is de lofthaven foar 56,2 miljoen euro ferkocht oan Ciudad Real International Airport.
De lofthaven waard úteinlik weriepene op 12 septimber 2019, en yn oktober 2019 iepene it Ierske bedriuw Direct Aero Services in basis foar ûnderhâld. It Spaanske bedriuw Jet Aircraft Services (JAS) iepene yn desimber 2019 ek in basis foar it slopen fan fleantugen.
De lofthaven hat sûnt de weriepening ek inkelde algemiene loftfeartbewegingen hân, wylst kommersjele passazjiersflechten yn de heine takomst net ferwachte wurde. Yn maaie 2020 kearden frachtflechten werom nei de lofthaven, as ûnderdiel fan in frachtkorridor Guangzhou-Ciudad Real om medyske apparatuer te bringen by de COVID-19 pandemie. Dyselde moanne kamen de earste fleantugen oan dy't fanwegen dy pandemy op it fleanfjild parkearre waarden foar opslach. Op it hichtepunt fan de pandemy herberge de lofthaven sa'n 80 fleantugen en waard it ien fan de grutste lokaasjes yn Europa foar tydlike opslach fan oerstallige fleantúgen.
De lofthaven leit njonken de Hegefaasjeline Madrid-Sevilla/Málaga. Nettsjinsteande plannen om in treinstasjon te bouwen is dit nea bard, al is de rinbrêge nei it nea boude stasjon boud.
Ciudad Real Kategory:Kastylje-La Mansja Kategory:Bouwurk út 2008