Nooit Volmaakt is ien fan 'e twa nôtmûnen op 'e bolwurken fan de Súd-Hollânske stêd Gorkum.
Skiednis De mûne datearret oarspronklik fan 1718 en waard doe boud nei't in standermûne op it plak troch in stoarm fernield waard. Eartiids waard de mûne as in muonts boud, mar yn 1764 folge in ferheging fan 'e mûne mei fjouwer meter en waard der in stellingmûne fan makke. De mûne moast yn 1889 nei in brân fernijd wurde en de hjoeddeiske namme waard yn dy tiid oan 'e mûne jûn. De nôtmûne waard nammentlik mei de ûnderdielen fan 'e oaljemûne mei de namme Nooit Volmaakt renovearre.
Nei de Twadde Wrâldkriich waard de mûne restaurearre en krigen de wjukken it Van Bussel-systeem. Al gau rekke de mûne lykwols bûten bedriuw. Yn 1956 kocht de gemeente de mûne oan en yn 'e jierren 1960 folge in renovaasje. De mûne krige in stedsmounder dy't de twa bolwurkmûnen regelmjittich draaie liet. Yn 'e jierren 1995-1997 folge in grutte restauraasje. Prins Claus iepene de renovearre mûne yn augustus 1997. Ek yn 2009 moast der in restauraasje útfierd wurde.
De mûne waard yn jannewaris 2017 mei de oare trije noch besteande mûnen fan Gorkum oerdroegen oan 'e mûnestifting SIMAV. Op it stuit wurdt der wer op frijwillige basis mealle. Yn 'e mûne kin bôle fan eigen nôt en oare streekprodukten kocht wurde. Op sneonen en woansdeis is de mûne iepen foar besichtiging.
Kategory:Bouwurk yn Gorkum Kategory:Stellingmole Kategory:Nôtmole Kategory:Mole yn Súd-Hollân Kategory:Bouwurk út 1718