De harlekyndo (Phaps histrionica) is ien fan 'e trije soarten yn it skaai brûnswjukdowen (Phaps) út de famylje dowen (Columbidae). De fûgel is lykas de oare soarten yn it skaai endemysk yn Austraalje. It is de meast nomadyske do fan 'e Australyske dowen.

Beskriuwing Harlekyndowen binne likernôch 28 sm lang en tusken mantsjes en wyfkes is in dúdlik ûnderskied.

De kop fan in folwoeksen mantsje is meast swart mei in wite foarholle, in wyt plak op 'e kiel, en in wite streek dy't fan efter it each rint, hast de swarte eardekfearren omfiemet en dêr in brutsen ring foarmet. De boppedielen en wjukken binne readeftich sânbrún. De primêre dekfearren binne griis mei wite rânen en de haadslachpinnen en sekundêre slachpinnen binne donkerder mei wat kastanjebrún en ha op 'e bûtenste haadslachpinnen in wyt puntsje. De iris is donkerbrún en de snaffel is swart. De ûnderkant is meast donkergriis.

By it wyfke binne de boppedielen ynklusyf de krún en foarholle sânbrún. De swarte kleur is beheind ta it kin, de kiel en it gesicht en doffer yn ferlikening mei it swart fan it mantsje.

Fersprieding thumb|left|Kloft harlekyndowen. De soarte hat him mear as oare Australyske dowen oanpast oan drûge flakten op it kontinint. It habitat bestiet út greidlân, gebieten mei gerspollen en lytse strûken mei iepen romtes. In wichtich gebiet dêr't de soarte foarkomt binne de gersflakten fan Barkly Tableland, in regio yn it Noardlik Territoarium, mar se ha in frij grut ferspriedingsgebiet en se wurde út en troch ek yn 'e Kimberley-regio fan West-Austraalje, noardlik Súd-Austraalje en noardwestlik Nij-Súd-Wales oantroffen.

Status It pastoralisme hat fan grutte ynfloed west op 'e soarte. Oant de ein fan 'e 19e iuw seagen minsken ûnbidich grutte kloften harlekyndowen yn gebieten dêr't se no út en troch sjoen wurde, lykas noardlik Súd-Austraalje en westlik Nij-Súd-Wales. Pastoralisme hie sa'n grutte ynfloed op 'e populaasje om't it fee it gers friet dat de fûgels foar it sied en as nêstplak nedich ha. In oare bedriging foarmet de predaasje. Se binne dêr gefoelich foar om 't se harren aaien op 'e grûn lizze.

De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige (LC, 2024) op 'e Reade list, mar der wurdt oannommen dat de populaasje yn oantallen ôfnimt.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Brûnswjukdo Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje