De Let-Pleistosene massa-ekstinksje wie in barren wêrby't tusken 50.000 en 10.000 jier lyn it meastepart fan wrâlds megafauna útstoar. It wie net ien fan 'e "Grutte Fiif" massa-ekstinksjes út 'e skiednis fan 'e wrâld, mar it hie wol in tige grutte ynfloed op 'e ekology fan alle wrâlddielen om't it late ta it ynstoarten fan 'e faunatichtens en it bioferskaat oer de hiele wrâld. De Let-Pleistosene massa-ekstinksje wie sûnder presedint om't it hast útslutend megafauna trof (dy't ornaris definiëarre wurdt as bisten mei in gewicht fan 45 kg of mear), wylst lytsere bisten der amper ûnder te lijen hiene. As oarsaken wurde oer it algemien minsklik hanneljen (spesifyk: oerbejaging) of klimaatferoaring oanwiisd, hoewol't beide hypotezen kontroversjeel binne.
Neiere útlis Yn it Let-Pleistoseen, oan it begjin fan it Holoseen ta, stoar it meastepart fan 'e megafauna oer de hiele wrâld út. Dy massa-ekstinksje ferskilde fan foargeande massa-ekstinksjes troch in ekstreme foarkar foar grutte bisten, wylst lytse bisten der frijwol neat fan skipen. In oar ferskil mei eardere massa-ekstinksjes wie de ôfwêzigens fan in ekologyske súksesje: d.w.s. dat der neat mear yn it plak kaam fan 'e ferdwinende megafauna. Dat hie op syn beurt in grutte ferskowing yn 'e besteande ûnderlinge relaasjes tusken de ferskillende bistesoarten en harren habitats ta gefolch.
De krekte tiid en de swierte fan 'e massa-ekstinksje fariëarre nei regio. De measte saakkundigen binne fan tinken dat de oarsaken minsklik hanneljen (troch oerbejaging) of klimaatferoaring wiene. Beide hypotezen hawwe in lange skiednis fan kontroverse, en de hjoeddeistige ynsichten lykje op in kombinaasje fan beide faktoaren te wizen.
De Let-Pleistosene massa-ekstinksje begûn omtrint 50.000 jier lyn yn Jeraazje en Afrika. It swierst troffen waard noardlik Jeraazje, wylst Súd- en Súdeast-Aazje en Afrika der relatyf licht fan ôfkamen. Rûchwei 46.000 jier lyn begûn de massa-ekstinksje yn Austraalje en Nij-Guineä, gebieten dy't doe noch troch in lânbrêge mei-inoar ferbûn wiene (yn ien lânmassa dy't Sahûl neamd wurdt). Ek deunby leine eilannen, lykas Floares, waarden doe troffen. Yn Tasmaanje begûn it massale útstjerren 41.000 jier lyn, nei't der likernôch 43.000 jier lyn in lânbrêge tusken dat eilân en Austraalje ûntstien wie. Dêrnei folgen Japan 30.000 jier lyn, Noard-Amearika 13.000 jier lyn en Súd-Amearika 12.500 jier lyn.
It is ûnûntstriidber dat de massa-ekstinksje yn Austraalje, Tasmaanje en de Amearika's, en mooglik ek yn Japan, gearfoelen mei de iere minsklike migraasje nei dy gebieten. Mar Jeraazje, dat foartiid al troch de minske bewenne waard, ûntsprong de dûns net. In dúdlik ferskil is wol dat de Let-Pleistosene massa-ekstinksje yn Jeraazje in stadige ûntjouwing wie, dy't mei tuskenskoften oanhold oer in perioade fan 40.000 jier oant er om 10.000 jier lyn hinne einige, wylst de massa-ekstinksje yn 'e Amearika's plakfûn yn in perioade fan net mear as 3.000 jier, wat yn geologyske termen mar in eachwink is.
Yn totaal stoar by de Let-Pleistosene massa-ekstinksje 65% fan alle soarten megafauna yn 'e wrâld út. Foar Noard-Amearika leit dat sifer op 72%, foar Súd-Amearika op 83% en foar Austraalje, Nij-Guineä en Tasmaanje op 88%. Fan alle sûchdieren mei in gewicht fan mear as 1.000 kg stoar wrâldwiid 80% út, en yn 'e Nije Wrâld en Austraalje 100%.
Party saakkundigen sjogge de Let-Pleistosene massa-ekstinksje as ien barren mei lettere, sûnder mis troch minsklik hanneljen feroarsake, massa-ekstinksjes yn it Mid- oant Let-Holoseen, lykas op 'e Antillen om 4000 f.Kr. hinne, op Nij-Kaledoanje om 1000 f.Kr. hinne, yn Nij-Seelân om 1450 hinne, en op 'e Maskarenen (Mauritsius en oanbuorjende eilannen) om 1650 hinne. De oerkoepeljende beneaming dy't dan brûkt wurdt, is de Let-Kwartêre massa-ekstinksje.
Utstoarne bistesoarten N.B.: dit is in ûnfolsleine opsomming, bedoeld om in yndruk te jaan fan it ferskaat oan soarten dat by de Let-Pleistosene massa-ekstinksje ferlern gien is. Sjoch foar in folsleine list it korrespondearjende artikel op 'e Ingelske Wikipedy. De byfoege yllustraasjes binne allegearre artistike rekonstruksjes.
Afrika sûchdieren: evenhoevigen: de Afrikaanske reuzebuffel (Syncerus antiquus), de noaskaamgnoe (Rusingoryx atopocranion), Kattwinkels reuzekowe-antilope (Megalotragus kattwinkeli), de súdlike springbok (Antidorcas australis), Bonds springbok (Antidorcas bondi), de Atlantyske gazelle (Gazella atlantica), it Algerynsk reuzehart (Megaceroides algericus), it reuzeknobbelswyn (Metridiochoerus andrewsi); ûnevenhoevigen: de steppenoashoarn (Stephanorhinus hemitoechus), de Mauretaanske noashoarn (Ceratotherium mauritanicum), de reuzesebra (Equus capensis), de Saharasebra (Equus mauritanicus).
Súd- en Súdeast-Aazje sûchdieren: slurfdieren: de Yndyske rjochttoskoaljefant (Palaeoloxodon namadicus), de Floaresstegodont (Stegodon florensis), de eastlike stegodont (Stegodon orientalis); evenhoevigen: de oerbanteng (Bos palaesondaicus), de Sebûaanske tamarû (Bubalus cebuensis), Groves' tamarû (Bubalus grovesi), de koarthoarnwetterbuffel (Bubalus mephistopheles); ûnevenhoevigen: it Yndysk hynder (Equus namadicus), it Yunnanhynder (Equus yunanensis), de reuzetapir (Tapirus augustus); rôfdieren: Bacons reuzepanda (Ailuropoda baconi), de Aziatyske hoalehyena (Crocuta ultima); skobdieren: it Aziatysk reuzeskobdier (Manis palaeojavanica); primaten: de Sineeske orang-oetan (Pongo weidenreichi), de Floaresminske (Homo floresiensis), de Luzonminske (Homo luzonensis), de Solominske (Homo erectus soloensis); fûgels: de Japanske flechtleaze ein (Shiriyanetta hasegawai), de grutte rankfearearrebarre (Leptoptilos robustus).
Jeropa, it Midden-Easten en Noard- en East-Aazje sûchdieren: slurfdieren: de wolhierrige mammoet (Mammuthus primigenius)1, de Sardynske dwerchmammoet (Mammuthus lamarmorai), de Jeropeeske rjochttoskoaljefant (Palaeoloxodon antiquus), de Japanske rjochttoskoaljefant (Palaeoloxodon naumanni), de Sineeske rjochttoskoaljefant (Palaeoloxodon huaihoensis), de Krentinzyske dwerchoaljefant (Palaeoloxodon creutzburgi), de Malteeske dwerchoaljefant (Palaeoloxodon mnaidriensis),de Syprioatyske dwerchoaljefant (Palaeoloxodon cypriotes), de grutte Sisyljaanske dwerchoaljefant (Palaeoloxodon cf. mnaidriensis); evenhoevigen: it Malteesk dwerchnylhoars (Hippopotamus melitensis), it Sisyljaansk dwerchnylhoars (Hippopotamus pentlandi), it Syprioatysk dwerchnylhoars (Hippopotamus minor), de steppewisint (Bison priscus), de Baikaljak (Bos baikalensis), de Jeropeeske wetterbuffel (Bubalus murrensis), de Noardsineeske wetterbuffel (Bubalus wansijocki), de Eastsineeske wetterbuffel (Bubalus teilhardi), de reuzemuskusokse (Praeovibos priscus), de noardlike saiga-antilope (Saiga borealis), de skroefhoarnantilope (Spirocerus kiakhtensis), de geitehoarnantilope (Parabubalis capricornis), de Jeropeeske taargeit (Hemitragus cedrensis), it reuzehart (Megaloceros giganteus), it Mongoalsk reuzehart (Sinomegaceros ordosianus), it Japansk reuzehart (Sinomegaceros yabei), de Mediterrane barasinga (Haploidoceros mediterraneus), it Kretinzysk hart (Candiacervus cretensis), it Kretinzysk dwerchhart (Candiacervus ropalophorus), it Rjûkjûaanske dwerchhart (Cervus astylodon), Knoblochs kamiel (Camelus knoblochi); ûnevenhoevigen: de wolhierrige noashoarn (Coelodonta antiquitatis), de steppenoashoarn (Stephanorhinus hemitoechus), de wâldnoashoarn (Stephanorhinus kirchbergensis), de Sibearyske ienhoarn (Elasmotherium sibiricum), it Dalianhynder (Equus dalianensis), Ovidovs hynder (Equus ovidovi)2, de Jeropeeske wylde ezel (Equus hydruntinus)3; rôfdieren: de hoalebear (Ursus spelaeus), de Pleistosene lytse hoalebear (Ursus rossicus), de Gamssulzenbear (Ursus ingressus), de steppebear (Ursus arctos priscus), de reuze-iisbear (Ursus maritimus tyrannus), de Jeraziatyske kromswurdtosktiger (Homotherium latidens), de hoaleliuw (Panthera spelaea), it hoaleloaihoars (Panthera pardus spelaea), de Issoirelynks (Lynx issiodorensis), de hoalelynks (Lynx pardinus spelaeus), de hoalewolf (Canis lupus spelaeus); de Jeropeeske wylde hûn (Cuon alpinus europaeus), de Sardynske wylde hûn (Cyontherium sardous), de hoalehyena (Crocuta spelaea), de Aziatyske hoalehyena (Crocuta ultima), de Pleistosene Jeropeeske reuze-otter (Cyrnaonyx antiqua), de grutte Westmediterrane otter (Algarolutra majori), de Kretinzyske otter (Lutrogale cretensis), de Sardynske reuze-otter (Megalenhydris barbaricina), de Sardynske dwerchotter (Sardolutra ichnusae); kjifdieren: Cuviers bever (Trogontherium cuvieri), de Jeraziatyske reuzekjifstikelbaarch (Hystrix refossa), de Kaukasusmarmot (Marmota palaeocaucasica), de ûnechte sisel (Spermophilus citelloides), it Desnagrûniikhoarntsje (Spermophilus severskensis), it wynbraugrûniikhoarntsje (Spermophilus superciliosus), de reuzehamster (Cricetus major), de Malteeske reuzesliepmûs (Leithia melitensis), de Sisyljaanske reuzesliepmûs (Leithia cartei), de Pyreneeske oerwetterrôt (Minomys pyrenaicus), de Sibearyske oerwetterrôt (Minomys chandolensis), de Ibearyske sniemûs (Pliomys lenki), Grafs fjildmûs (Microtus grafi); hazze-eftigen: de Donhazze (Lepus tanaiticus), de reuzefluithazze (Ochotona whartoni); primaten: de Neändertaler (Homo neanderthalensis); fûgels: de Eastaziatyske strúsfûgel (Struthio anderssoni), de Jakoetyske goes (Anser djuktaiensis), de oerkraanfûgel (Grus primigenia), de Malteeske kraanfûgel (Grus melitensis), de Kretinzyske ûle (Athene cretensis); reptilen: de Sisyljaanske lânskylpod (Solitudo sicula); de Malteeske halsbânhagedis (Lacerta siculimelitensis). 1) Reliktpopulaasjes oerlibben yn refugia op it eilân St. Paul yn 'e Beringsee oant 3600 f.Kr., en op it eilân Wrangel yn 'e Noardlike Iissee oant 2000 f.Kr. 2) In reliktpopulaasje oerlibbe yn refugia yn noardlik Sina oant yn it Let-Holoseen. 3) In reliktpopulaasje oerlibbe yn refugia yn Anatoalje oant yn it Let-Holoseen.
Fierders ferdwûnen ferskate bisten út Jeropa, it Midden-Easten en Noard- en East-Aazje dy't yn oare regio's wol oerlibben. It nylhoars (Hippopotamus amphibius) en it jachtloaihoars (Acinonyx jubatus), dy't yn Afrika ek hjoed de dei noch foarkomme, ferlearen bgl. it Jeropeeske diel fan harren ferspriedingsgebiet.
Noard-Amearika sûchdieren: slurfdieren: de wolhierrige mammoet (Mammuthus primigenius)1, de Amerikaanske mammoet (Mammuthus columbi), de Kalifornyske dwerchmammoet (Mammuthus exilis), de Amerikaanske mastodont (Mammut americanum), de Pasifyske mastodont (Mammut pacificum); evenhoevigen: de Amerikaanske oerbizon (Bison antiquus), de langhoarnbizon of reuzebizon (Bison latifrons), de steppewisint (Bison priscus), de westlike bizon (Bison occidentalis), de reuzemuskusokse (Praeovibos priscus), de wâldmuskusokse (Bootherium bombifrons), de strûkokse (Euceratherium collinum), Harringtons berchgeit (Oreamnos harringtoni), de harteland (Cervalces scotti), it Amerikaansk berchhart (Odocoileus lucasi), it Torontohart (Torontoceros hypogaeus), de Pasifyske gaffelantilope (Antilocapra pacifica), de dwerchgaffelantilope (Capromeryx minor), de Amerikaanske fjouwerhoarnantilope (Tetrameryx shuleri), it westlik kamiel (Camelops hesternus), de grutkoplama (Hemiauchenia macrocephala), de groupoatlama (Palaeolama mirifica), de platkoppekary (Platygonus compressus), de langsnútpekary (Mylohyus nasutus); ûnevenhoevigen: it Meksikaansk hynder (Equus conversidens), Scotts hynder (Equus scotti), it westlik hynder (Equus occidentalis), it Yukonhynder (Equus lambei), it stelthynder (Harringtonhippus francisci), de Kalifornyske tapir (Tapirus californicus), Merriams tapir (Tapirus merriami), de Verotapir (Tapirus veroensis), it Laraansk kromtoskdier (Mixotoxodon larensis);