Mûne III is ien fan 'e trije standermûnen op 'e bolwurken fan it Noard-Brabânske fêstingsstedsje Heusden.

Skiednis De hjoeddeiske standermûne stiet tichteby it plak fan 'e eardere Oranjemûne, in stiennen stellingmûne dy't yn novimber 1944 mei oare monuminten yn Heusden troch de Dútsers opblaasd waard. Dy Oranjemûne wie foarhinne boud nei't de standermûnen fan Heusden al ferdwûn wiene.

Mûne III wie de lêste fan 'e trije mûnen dy't by de rekonstruksje fan 'e fêsting fan Heusden yn 'e jierren 1960 en 1970 werboud waard. De bou waard yn 1975 foltôge en de Maasmûne by Nederasselt tsjinne dêrby as foarbyld.

De mûne wurdt geregeldwei betsjinne troch frijwilligers en kin besocht wurde as de wjukken draaie, meastentiids op woansdeitejûn.

Keppeling om utens Mûnedatabase Feriening De Hollânske Mûne

Kategory:Heusden Kategory:Bouwurk yn Heusden (gemeente) Kategory:Nôtmole Kategory:Standermole Kategory:Bouwurk út 1971 Kategory:Mole yn Noard-Brabân