De reade toartel (Streptopelia tranquebarica) is in fûgel yn it skaai toarteldowen (Streptopelia) út 'e famylje dowen (Columbidae). De soarte waard yn 1804 troch Johann Hermann beskreaun as Columba tranquebarica en komt regionaal tige faak foar. Op Aziatyske merken wurdt de fûgel ek foar it fleis ferhannele.
Beskriuwing De reade torteldowe wurdt 20,5 sintimeter lang. De sturt is relatyf koart en de wjukken binne opfallend puntich. Beide skaaien hawwe in swarte bân op 'e efterkant fan 'e nekke, mar der is seksueel dimorfisme. thumb|left|Spantsje reade toartels. It mantsje hat in blau-grize kop en nekke. De kiel is ljochter. De mantel, rêch en dekfearren binne readbrún. It boarst en de búk binne ljochter as it boppebealchje en binne earder griisbrún. De stút en boppesturtdekveren binne donker blaugriis. De sturtfearren binne griisbrún. De twa bûtenste sturtfearren hawwe opfallend grutte, wite bûtenrânen oan 'e úteinen. De snaffel is donker. De iris is donkerbrún.
Wyfkes lykje yn harren fearrekleed op 'e Turkske toartel. Se misse de readbrúne fearren dy't foar it boppebealchje fan 'e mantsjes sa karakteristyk binne. De fearren oan 'e boppekant fan it lichem is frij dof gielbrún. De kop en nekke binne wat donkerder en brúnichgriis.
Fersprieding Reade toartels libje meast yn Yndia, Nepal, Bangladesj, Tibet, Birma, Assam, Laos, Kambodja en Fjetnam. Se komme boppedat ek op 'e Andamanen en yn it noarden fan 'e Filipinen foar. Yn dielen fan it ferspriedingsgebiet is it in soad foarkommende fûgel en faak de talrykste toarteldowesoarte. Der binne twa ûndersoarten:
Streptopelia tranquebarica humilis: eastlik Nepal oant noardlik Sina en de Filipinen. Streptopelia tranquebarica tranquebarica: Pakistan, Yndia en westlik Nepal.
Reade toarteldowen libje yn in iepen habitat. Se komme ek foar op lânbougrûn en drûge bosken, yn berch- en heuvelbosken.
Hâlden en dragen thumb|left|Fleanende reade toartel. De soarte is foar it measte in stânfûgel. Se ite sied en grien, jong blêd en knoppen. It nêst sit heech yn beammen. In lechsel bestiet út twa, krêmkleurige aaikes.
Sierfûgel Reade torteldowen binne yn 1858 foar it earst yn Ingelân ymportearre. Se komme net in hiel soad as sierfûgel foar, alhoewol't de fûgel sûnt de jierren 1980 faker holden waarden Se wurde selden ymportearre en wylde fûgels binne nochal skrikeftich yn 'e foliêre. Yn finzenskip fokte reade torteldowen binne lykwols folle nueter. Se binne net winterhurd en moatte oerwinterje yn in froastfrij hok.
Status De fûgel komt algemien en op guon plakken talryk foar. Oannommen wurdt dat de soarte lykwols ôfnimt. De IUCN klassifearret de fûgel as net bedrige (LC). Keppeling om utens Birdlife Ebird Avibase
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Toarteldo Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren Kategory:Eksoat yn Singapoer