De wytwjukkardinaal (Piranga leucoptera) is in fûgelsoarte yn it skaai piranga's (Piranga) út de famylje kardinaalfûgels (Cardinalidae). De soarte libbet yn 'e berchbosken fan Meksiko yn it noarden oant Bolivia yn it suden. De soarte nimt yn oantal ôf, mar de populaasje wurdt as net bedrige beskôge. Lykas oare soarten fan it skaai waard de soarte lang yn 'e famylje tangarefûgels set, mar genetyske stúdzjes hawwe dúdlik makke dat de fûgel ta de kardinaalfûgels heart.
Beskriuwing De soarte is in relatyf lytse piranga. It mantsje is tige opfallend, helderread mei in swart eachmasker en swarte wjukken mei wite bannen. It wyfke hat itselde patroan as it mantsje, mar is grienich en giel. De rop bestiet út helder, lispeljend fluitsjen.
Fersprieding De wytwjukkardinaal libbet fan eastlik Meksiko oant súdlik Bolivia en wurdt yn fjouwer ûndersoarten mei de folgjende fersprieding ûnderferdield:
Piranga leucoptera leucoptera - eastlik Sierra Madre Oriental yn eastlik Meksiko (Tamaulipas) nei Nikaragûa. Piranga leucoptera latifasciata - Kosta Rika en westlik Panama (eastlik nei Veraguas). Piranga leucoptera venezuelae – Andes fan Kolombia oant Fenezuëla en noardlik Brazylje. Piranga leucoptera ardens - Andes fan súdwestlik Kolombia (Nariño) oant noardwestlik Bolivia.
It skaai Piranga stie earder yn 'e tangarefûgels (Thraupidae). DNA-stúdzjes hawwe lykwols oantoand dat it kardinaalfûgels binne, nau besibbe oan 'e typesoarte fan 'e famylje, de reade kardinaal.
De soarte libbet yn bercheftige regio's fan grienbliuwende wâlden dinne- en ikebosken. Wytwjukkardinalen wurde yn 'e heechste lagen fan beamen oantroffen, meastentiids yn pearkes of lytse groepkes, somtiden mei oare groepkes foerazjearjende soarten.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet. Oannommen wurdt dat de populaasje ôfnimt, mar net genôch om as bedrige beskôge te wurden. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) neamt de soarte as net bedrige (LC). De populaasje wurdt tusken de 50.000 en in heal miljoen folwoeksen fûgels rûsd.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Piranga Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Perû
Kategory:Lânseigen fauna yn Perû