thumb|260px|Skynfleanfjild De Kiek by Riel (ynformaasjeboerd) It skynfleanfjild De Kiek leit tusken Riel en Alphen yn Noard-Brabân en wie yn 'e Twadde Wrâldkriich in Dútsk projekt om de fijân te mislieden. It waard oanlein om de alliearde bommesmiters ôf te lieden fan it strategyske fleanfjild Gilze-Rijen, dat likernôch 7 kilometer fierderop lei. Besikers kinne it terrein fergees besjen. It is tagonklik oer it fyts- en kuierpaad 'Bels Lyntsje' en leit tusken de Oude Tilburgsebaan en it âlde spoar. thumb|left|Bunker. De Dútsers neamden it skynfleanfjild Scheinflughafen Kamerun of koartwei SF 37. It waard sa ûntwurpen dat it fanút de loft op in echt fleanfjild like. Der waarden trije sabeare startbanen oanlein yn 'e heide, mei houten sabeare hangars en sabeare fleantugen, dy't mei seil bedutsen wiene. Guon fan dy sabeare fleantugen koene oer rails lutsen wurde om aktiviteit te simulearjen. Yn 'e jûn waard baanferljochting oanstutsen en waarden ljochtkogels ôfsketten, alles om de oandacht fan alliearde piloaten te lûken.

Boppedat waard der in grutte letter 'N' yn it lânskip oanbrocht, dy't stie foar Notabwurfplatz. Dat wie in plak dêr't Dútske bommesmiters, dy't harren bommen net boppe Ingelân dropt hiene, se feilich loslitte koene foar't se lannen op Gilze-Rijen. thumb|left|Keunstwurk Messerschmitt Bf 109. Alhoewol't de alliearden al gau wisten dat De Kiek in skynfleanfjild wie, waard it dochs bombardeare. Op 20 oktober 1943 foelen bommen op it Rielske buorskip Brakel, wêrby't trije ynwenners om it libben kamen en trije oaren swier ferwûne rekken .

Nei de kriich waard it terrein brûkt troch de Nederlânske loftmacht. Yn 2019 waard fan it gebiet in belevingsbosk mei ynformaasjepanelen makke. Der is noch in orizjinele bunker te sjen en in keunstwurk fan in Messerschmitt Bf 109 fan cortenstaal.

Keppeling om utens Side Schijnvliegveld De Kiek.

Kategory:Fleanfjild yn Nederlân Kategory:Goirle (gemeente) Kategory:Nederlân yn de Twadde Wrâldkriich