Deurne is in gemeente yn Noard-Brabân. De gemeente is ûnderdiel fan 'e Metropoalregio Eindhoven. De gemeente hat () ynwenners op in oerflak fan 118,36 km² (wêrfan 1,02 km² wetter).
Skiednis De gemeente bestiet sûnt 1 jannewaris 1926, doe't de gemeenten Deurne en Liessel en Vlierden fusearren ta de gemeente Deurne. Sawol Deurne en Liessel as Vlierden wiene eartiids ûnder it ancien regime hearlikheden.
Nei de fúzje mei Vlierden stie Deurne noch yn 'e top 10 fan Nederlânske gemeenten wat oerflak oanbelanget, mar yn 2010 wiene al mear as 105 fan 'e 430 Nederlânske gemeenten grutter as de gemeente Deurne.
Plakken De gemeente Deurne bestiet út de doarpen (tusken heakjes de Brabânske namme):
Deurne (Deurze) Liessel (Lijssel) Vlierden (Vlierde) Neerkant (Nirkant) Helenaveen (Helenaveen'')
De Sint-Jozefparochie, Zeilberg en Walsberg binne eardere, aparte tsjerkedoarpen, dy't no as wyk diel útmeitsje fan 'e beboude kom fan Deurne, mar as kearn in eigen histoaryske identiteit hawwe.
Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1926 Kategory:Gemeente yn Noard-Brabân