Sint-Michielsgestel (lokaal: Gèssel) is in gemeente yn 'e provinsje Noard-Brabân, dy't yn 'e Meierij fan de Bosk leit. De gemeente hat () ynwenners op in oerflak fan 59,34 km² (wêrfan 0,99 km² wetter) en leit op in hichte fan likernôch 5 meter. It wichtichste plak is it doarp Sint-Michielsgestel, dat yn East-Brabân ek wol Gestel neamd wurdt.

Skiednis De hjoeddeiske gemeente Sint-Michielsgestel ûntstie yn 1996, nei de fúzje fan 'e gemeenten Sint-Michielsgestel, Den Dungen en Berlicum. It doarp Gemonde, dat earder foar in part by de gemeenten Boxtel, Sint-Michielsgestel, Sint-Oedenrode en Schijndel hearde, waard yn syn gehiel tafoege oan 'e nije gemeente Sint-Michielsgestel.

Plakken Berlicum Den Dungen Gemonde Sint-Michielsgestel

Buorskippen Beekveld, Berlicum, Besselaar, De Bus, Doornhoek, Haanwijk, Halder, De Hogert, De Loofaert, Den Dungen, Gemonde, Heikantse Hoeve, Hersend, Heult, Hezelaar, Hoek, Horzik, Kerkeind, Laar, Maaskantje, Middelrode, Nijvelaar, Plein, Poeldonk, Ruimel, Tielse Hoeve, Wielsche Hoeven, Wamberg en Woud.

Natoer De Dommeldelling is in gebiet mei greiden en âlde beammen mei mooglikheden om te kuierjen en te fytsen. De Zegenwerpse Bossen by it lângoed Zegenwerp is in parkeftich boskgebiet fuort by Sint-Michielsgestel.

Noardlik fan 'e gemeente leit Het Bossche Broek, mei in moai útsicht op de skyline fan De Bosk. Súd fan 'e gemeente leit De Geelders, ûnderdiel fan Het Groene Woud.

Monuminten It histoaryske kastiel Nieuw Herlaer oan 'e Dommel. De neogoatyske Sint-Michielstsjerke fan Sint-Michielsgesel.

Kategory:Gemeente yn Noard-Brabân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1996