Doctor Strange is in Amerikaanske superheldefilm út 2016 ûnder rezjy fan Scott Derrickson, mei yn 'e haadrollen Benedict Cumberbatch en Tilda Swinton. De titel betsjut "Dokter Strange", of letterliker: "Dokter Nuver". De film is basearre op 'e strips fan útjouwerij Marvel Comics oer de superheld Doctor Strange en makket diel út fan 'e Marvel Cinematic Universe-filmsearje. Hy folget as sadanich op Captain America: Civil War en giet foarôf oan Guardians of the Galaxy Vol. 2.

It ferhaal folget de Amerikaanske topsjirurch Stephen Strange, dy't troch eigen skuld in ferkearsûngemak kriget wêrby't syn hannen stikken reitsje. Fan gefolgen kin er net mear operearje. Yn syn wanhopige syktocht nei genêzing komt er yn kontakt mei in mystika dy't harsels "de Oerâlde" neamt. Der giet in nije wrâld foar Strange iepen as er ûntdekt dat tsjoenderij echt bestiet. Al rillegau falt it oan him ta om 'e wrâld te ferdigenjen tsjin 'e korrupte tsjoender Kaecilius en de demon Dormammu.

Fan 'e filmkritisy krige Doctor Strange oer it algemien positive resinsjes, en yn 'e bioskopen wie de film in kommersjeel súkses. Doctor Strange wûn twa Saturn Awards en in Empire Award en waard nominearre foar de Oscar yn 'e kategory bêste special effects. In direkt ferfolch op 'e film, mei as titel Doctor Strange in the Multiverse of Madness, kaam yn 2022 yn 'e bioskopen.

Plot Yn 'e Nepaleeske haadstêd Katmandû kringe de tsjoender Kaecilius en syn oanhingers, dy't "seloaten" neamd wurde, it geheime gebouwekompleks Kamar-Taj binnen en ûnthalzje de bibletekaris. Kaecilius skuort ferskate bledsiden út in boek dat eigendom is fan 'e Oerâlde, in lang libjende tsjoenster dy't eltse learling oan Kamar-Taj ûnderrjochte hat yn 'e mystike keunsten, Kaecilius sels ynbegrepen. De Oerâlde efterfolget Kaecilius-en-dy en deadet frijwat fan 'e seloaten, mar Kaecilius sels ûntkomt.

Yn New York is Stephen Strange in heech oanskreaun steande, arrogante neurosjiruch, dy't mei syn wurk jild as wetter fertsjinnet en in dekadint libben liedt. Wannear't er op in jûn let mei syn Lamborghini Huracán ûnderweis is, feroarsaket er troch te beljen ûnder it autoriden troch eigen skuld in ferkearsûngemak, wêrby't er de hannen sa tegnjirdet dat er bliuwend senuwletsel oprint. Fan gefolgen hat er tenei yn beide hannen in tremor (trilling), wat betsjut dat er net mear operearje kin en dat syn karriêre as sjirurch foarby is.

Syn eks en kollega-sjirurch Christine Palmer besiket him te helpen om fierder te gean mei syn libben troch in oare rjochting yn te slaan, mar Strange wierret syn lulkens út op har en makket har bittere ferwiten oant sy har nocht hat en him yn syn eigen sop gearsiede lit. Strange lit de iene nei de oare eksperimintele behanneling oan syn hannen dwaan, mar allegearre om 'e nocht. Op 't langelêst heart er fan in Jonathan Pangborn, in ferlamme man dy't op mysterieuze wize wer goed rinnen leard hat. Dyselde ferwiist Strange troch nei Kamar-Taj. Yn wanhoop brûkt Strange syn lêste jild om nei Nepal te reizgjen, ree om in terapy te prebearjen dy't er earder fuorthune hawwe soe.

Nei lang sykjen yn Katmandû treft Strange in Karl Mordo, in tsjoender ûnder de Oerâlde, dy't him yntrodusearret yn Kamar-Taj. As de Oerâlde him útleit dat sy tsjoenderij ûnderrjochtet, wol Strange har earst net leauwe, mar as de tsjoenster in demonstraasje fan har krêften jout en him it astraal nivo en oare diminsjes sjen lit, lykas de Spegeldiminsje, beseft er dat it echt is en fettet er wer hoop. De Oerâlde sjocht lykwols earst net folle yn Strange. Har wjersin hat te krijen mei Strange syn arrogânsje en withoe hege ambysjes, dy't de Oerâlde har eardere learling Kaecilius yn 't sin bringe. Pas nei oankringen fan Mordo stimt se der mei tsjinnichheid mei yn om Strange as learling oan te nimmen.

Strange begjint oan in jierrenlange stúdzje fan 'e mystike keunsten ûnder Mordo en de Oerâlde sels. Hy is in fêste gast yn 'e bibleteek fan Kamar-Taj, dy't no ûnder tafersjoch stiet fan master Wong. Strange leart dat de normale wurklikheid mar ien diminsje is fan ûntelbere parallelle universa. De measten dêrfan omfetsje krekt as de normale wurklikheid sawol goed as kwea, mar guon binne inkeld goed en oaren inkeld kwea. De tsjoenders fan Kamar-Taj binne dejingen dy't de Ierde beskermje moatte tsjin it kwea út oare diminsjes. Dat dogge se net inkeld mei har dieden, mar ek troch it opwekjen fan in mystyk skyld om 'e planeet hinne út trije hillichdommen wei yn Londen, Hongkong en New York (alle trije oantsjut as it Sanctum Sanctorum).

Mei trochdat er in fotografysk ûnthâld hat, giet it mei de stúdzje fan Strange dat it slydjaget. Wannear't er merkt dat in diel fan 'e boeken út 'e bibleteek foar him ferbean is om't de ynhâld ûngaadlik achte wurdt foar ien fan syn learnivo, lêst er dy boeken temûk. Dêrûnder is ek it boek dêr't Kaecilius bledsiden út skuord hat. Strange leart om 'e tiid foarút en tebek te draaien troch in magysk artefakt te brûken, it saneamde Each fan Agamotto. Dêrtroch kin er de tiid weromsette nei in punt dat de útskuorde bledsiden noch yn it boek sieten, sadat er dy ek lêze kin. As Mordo en Wong ûntdekke wat er dien hat, beskrobje se Strange foar it brekken fan natuerwetten, wêrby't se syn dwaan ferlykje mei de winsk fan Kaecilius om ivich te libjen.

Underwilens brûkt Kaecilius de stellen bledsiden om kontakt te sykjen mei de kwea-aardige demon Dormammu, dy't de tiidleaze Dûnkere Diminsje behearsket en op 'e Ierde longeret. Mei de macht dy't Dormammu him jout, slagget it Kaecilius en syn seloaten om it Sanctum Sanctorum fan Londen te ferneatigjen en sa de beskerming fan 'e Ierde te ferswakjen. Hy en syn seloaten falle dêrnei it Sanctum Sanctorum fan New York oan en deadzje de tsjoender dy't dat hillichdom as beskermhear op 'e noed hat. Strange, dy't by fersin yn it New Yorkske Sanctum bedarre is, hâldt Kaecilius-en-dy lykwols tsjin mei de help fan in magysk artefakt mei in eigen wil, de Mantel fan Levitaasje, dy't him útkiest as drager. By it gefjocht rekket er deadlik ferwûne, mar hy tilleportearret himsels nei it sikehûs dêr't er foarhinne wurke, dêr't Palmer syn libben rêdt.

Werom yn it Sanctum Sanctorum fan New York treft Strange de Oerâlde en Mordo, dy't ûnderwilens oerkommen binne út Katmandû. Op basis fan wat Kaecilius tsjin him sein hat ûnder harren gefjocht, beskuldiget Strange de Oerâlde derfan dat dy har lange libben te tankjen hat oan it feit dat se tsjin alle regels yn krêft ôftapet út 'e Dûnkere Diminsje. De rigide, regelfêste Mordo wol dat earst net leauwe, en as er der letter bewiis fan sjocht, rekket er op slach desyllúzjonearre mei syn learmasteresse. Kaecilius-en-dy komme werom foar in nije wraam op it New Yorkske Sanctum Sanctorum. By in gefjocht yn 'e Spegeldiminsje ferwûnet Kaecilius de Oerâlde fataal. Strange bringt har by Palmer yn it sikehûs, mar hja is net mear te rêden. Ear't se stjert, seit de Oerâlde tsjin Strange dat hy en Mordo gearwurkje moatte sille om Kaecilius te ferslaan.

Tegearre sette de beide tsjoenders nei it Sanctum Sanctorum fan Hongkong, dat ûnderwilens ek troch Kaecilius en syn seloaten oanfallen is. Tsjin 'e tiid dat se dêr arrivearje leit it Sanctum yn pún en is Wong, dy't lieding joech oan 'e ferdigeners, dea. Troch de ferneatiging fan 'e Sancta fan Londen en Hongkong en de ferswakking fan it Sanctum fan New York leit de wei foar Dormammu no iepen om 'e Ierde yn te nimmen, dat der ferskynt in brek yn it romte-tiidkontinuum dy't tagong jout ta de Dûnkere Diminsje. Strange brûkt lykwols it Each fan Agamotto om 'e tiid werom te draaien, sadat Wong wer ta libben komt en it Sanctum werriist.

Dêrop giet er de Dûnkere Diminsje binnen en brûkt it Each fan Agamotto om Dormammu en himsels yn in einleaze tiidlus te fangen. Hy seit tsjin Dormammu dat er kommen is om te ûnderhanneljen. Dêr hat de demon gjin earen nei, dat hy deadet Strange. Sadree't de tsjoender dea is, begjint de tiidlus op 'e nij: Strange komt de Dûnkere Diminsje binnen en seit dat er kommen is om te ûnderhanneljen. Dormammu deadet him wer en de tiidlus begjint wer fan begjin ôf oan. Nei't de demon Strange ûntelbere kearen op ûntelbere manearen deade hat sûnder dat er frijkomme kin út 'e tiidlus, wol Dormammu op 't langelêst wol omlyk. Strange easket dat de demon de Ierde foargoed gewurde lit en Kaecilius-en-dy meinimt nei syn Dûnkere Diminsje. Dormammu stimt ta en Strange beëniget de tiidlus. De brek yn it tiid-romtekontinuum giet ticht en Kaecilius-en-dy krije it ivige libben dat se sa graach hawwe woene, mar sille der net bot fan genietsje. Sa't Strange tsjin Kaecilius seit: "Hiest it hiele boek stelle moatten, want de warskôgings steane altyd nei de betsjoeningsformules ôfprinte."

Yn ôfwearze fan Strange syn reewilligens om 'e regels oan syn lears te laapjen, swart Mordo syn tsjoenderskip ôf en giet fuort. Strange bringt it Each fan Agamotto, dat in Uneinichheidsstien blykt te wêzen, werom op it plak dêr't it bewarre wurdt yn Kamar-Taj. Dêrnei set er syn stúdzje om in mastertsjoender te wurden fuort ûnder Wong. Yn in sêne dy't healwei de ôftiteling tafoege is, helpt Strange de god Thor om syn heit Odin op 'e Ierde werom te finen (by wize fan priuwke foarút fan 'e film Thor: Ragnarok). Yn in sêne oan 'e ein fan 'e ôftiteling oerfalt Mordo de fan ferlamming genêzen Jonathan Pangborn, oan wa't er syn tsjoenderij ûntnaderet sadat er wer ferlamme rekket. As reden foar dy die jout er op dat der op 'e Ierde "tefolle tsjoenders" binne.

Rolferdieling

haadrollen personaazje           akteur/aktrise dokter Stephen Strange Benedict Cumberbatch de Oerâlde Tilda Swinton

byrollen personaazje akteur/aktrise master Wong Benedict Wong dokter Christine Palmer Rachel McAdams master Karl Mordo Chiwetel Ejiofor master Kaecilius Mads Mikkelsen dokter Nicodemus West Michael Stuhlbarg Jonathan Pangborn Benjamin Bratt Lucian (learling fan Kaecilius) Scott Adkins Dormammu Benedict Cumberbatch master Hamir Topo Wresniwiro masteresse Tina Minoru Linda Louise Duan master Daniel Drumm Mark Anthony Brighton learling fan Kaecilius #1 Zara Phythian learling fan Kaecilius #2 Alaa Safi learling fan Kaecilius #3 Katrina Durden Thor Chris Hemsworth (cameo) man yn bus Stan Lee (cameo) himsels Pat Kiernan (cameo)

Produksje en distribúsje Foarskiednis Al sûnt 1986 wiene der plannen foar in film oer de superheld Doctor Strange fan útjouwerij Marvel Comics. Yn 1989 waard sa'n film op in hier nei makke, mar de films fan 'e belutsen filmstudio, Regency Enterprises, waarden doedestiden distribuëarre troch Warner Bros., en dat bedriuw wie doe krekt deilis mei Marvel oer de rjochten op merchandising fan oare Marvel-ferfilmings. De filmrjochten op in film oer Doctor Strange giene yn 1992 oer nei Full Moon Entertainment, yn 1994 nei Savoy Pictures en yn 1997 nei Columbia Pictures. It woe lykwols mar net slagje mei de ferfilming en tsjin 2000 hie Columbia de handoek yn 'e ring goaid. Fan 2001 ôf besocht Marvel om y.g.m. Miramax Films ta in ferfilming te kommen, mar ek dat rûn op 'e non. Yn 2005 ferkocht Miramax de filmrjochten troch oan Paramount Pictures. It plan wie doe dat Marvel Comics de film sels meitsje soe mei finansiering troch Paramount. It projekt rûn lykwols sa'n fertraging op dat it úteinlings yn 'e 2010-er jierren troch de Marvel Studios yn 'e Marvel Cinematic Universe-filmsearje opnommen wurde koe.

Produksje Doctor Strange waard regissearre troch Scott Derrickson nei in senario fan himsels, Jon Spaihts en C. Robert Cargill. As produsint wie Kevin Feige by it projekt belutsen foar de Marvel Studios. Foar de film wie in budget beskikber dat neffens ien boarne $165 miljoen bedroech, mar neffens in oarenien wol $237 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Ben Davis, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Michael Giacchino.

Opnamen