It trumanjachtloaihoars of Trumans jachtloaihoars (wittenskiplike namme: Miracinonyx trumani) is in útstoarn sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae) en it skaai fan 'e Amerikaanske jachtloaihoarsen (Miracinonyx). Dit bist libbe fan likernôch 250.000 oant 16.000 jier lyn yn Noard-Amearika en stoar út as ûnderdiel fan 'e Let-Pleistosene massa-ekstinksje.
Taksonomy It earste fossyl fan it trumanjachtloaihoars dat fûn waard, wie in komplete plasse dy't oantroffen waard yn 'e Crypt Cave yn 'e Amerikaanske steat Nevada. De soarte waard yn 1969 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Amerikaanske paleöntolooch Phil Cummings Orr, dy't dit bist de wittenskiplike namme Felis trumani joech. Syn kollega Daniel B. Adams yntrodusearre yn 1979 it taksonomyske skaai fan 'e Amerikaanske jachtloaihoarsen (Miracinonyx), dêr't it trumanjachtloaihoars yn 'e mande mei it nau besibbe poemajachtloaihoars (Miracinonyx inexpectatus) yn ûnderbrocht waard.
Undersyk nei it mitogondriaal DNA fan 'e bisten wiisde yn 2016 út dat de Amerikaanske jachtloaihoarsen, nettsjinsteande harren namme, nauwer besibbe binne oan 'e poema (Puma concolor) as oan it moderne jachtloaihoars (Acinonyx jubatus). De morfologyske oerienkomsten tusken de Amerikaanske jachtloaihoarsen en de jachtloaihoarsen fan 'e Alde Wrâld (Acinonyx) lykje sadwaande net fuort te kommen út besibskip, mar út parallelle evolúsje: it ferskynsel dat ferskillende bisten ûnder deselde omstannichheden los faninoar troch evolúsje deselde lichemsskaaimerken ûntwikkelje.
It tinken mank saakkundigen is dat de lêste mienskiplike foarâlder fan 'e poema en it trumanjachtloaihoars omtrint 3 miljoen jier lyn libbe. It is net alhiel dúdlik hoe't it yn dat ferbân mei it poemajachtloaihoars sit. Mar yn acht nommen dat it poemajachtloaihoars libbe yn it Blankyn en Irvingtonyn, fan likernôch 21/2 miljoen oant 250.000 jier lyn, wylst it trumanjachtloaihoars libbe yn it Rancholabreyn, fan 250.000 oant 16.000 jier lyn, is it wierskynlik dat it poemajachtloaihoars in primitivere foarm is dêr't it trumanjachtloaihoars him troch evolúsje út ûntjûn hat.
Fersprieding It trumanjachtloaihoars binne fossilen fan fûn yn 'e Amerikaanske steaten Arizona, Floarida, Kolorado, Marylân, Nebraska, Nevada, Nij-Meksiko, Pennsylvania, Súd-Karolina en Wyoming. Dêrnjonken binne ek fossilen fûn yn Meksiko en Kanada. De folsleinste fossilen waarden oantroffen yn 'e Natural Trap Cave yn noardlik Wyoming. Nei alle gedachten wie de fersprieding fan it trumanjachtloaihoars yn Noard-Amearika frij algemien.
Uterlike skaaimerken Krekt as it earder libjende poemajachtloaihoars (Miracinonyx inexpectatus) hie it trumanjachtloaihoars trochinoar in kop-romplingte fan 170 sm, mei in sturtlingte fan 92 sm en in skofthichte fan 85 sm. It gewicht bedroech 70–95 kg. It trumanjachtloaihoars wie sadwaande fan ferlykbere grutte as de poema (Puma concolor) en in slachje grutter as it moderne jachtloaihoars (Acinonyx jubatus). Krekt as by dy beide hjoeddeistige kateftigen wie ek by it trumanjachtloaihoars de kop yn ferhâlding ta it lichem lyts. Yn ferhâlding ta it poemajachtloaihoars hie it trumanachtloaihoars mear skaaimerken gemien mei it jachtloaihoars, wylst it poemajachtloaihoars mear de kant fan 'e poema útskaaide. Oer de kleur fan 'e pels is neat bekend. Artistike rekonstruksjes litte faak in spikkelbûnte pels sjen, mar dat berêst net op wittenskiplik ûndersyk.
Ekology Hoewol't it trumanjachtloaihoars lichaamlik sterk op it moderne jachtloaihoars (Acinonyx jubatus) liek, achtsje saakkundigen it ûnwierskynlik dat dit bist deselde jachttaktyk hie, te witten: in koart duorjende efterfolging mei hege oant ekstreem hege faasje. In wichtich oanknopingspunt dêrfoar is dat it moderne jachtloaihoars syn net-ynlûkbere klauwen by it draven brûkt om grip op 'e grûn te hâlden, krekt sa't fuotballers dêrfoar noppen ûnder de skuon hawwe. Mar de klauwen fan it trumanjachtloaihoars wiene wol deeglik ynlûkber. In oar oandachtspunt is it feit dat de morfology fan 'e earmtakkeknier by it trumanjachtloaihoars de midden hold tusken dyselde gewrichten by it moderne jachtloaihoars en de poema (Puma concolor). It wurdt as wierskynlik beskôge dat it trumanjachtloaihoars in jachttaktyk hie dêr't gjin moderne wjergader foar bestiet.
De wichtichste proai wie foar it trumanjachtloaihoars, krekt as foar it earder libjende poemajachtloaihoars (Miracinonyx inexpectatus), de gaffelantilope (Antilocapra americana). Oare wichtige proaien wiene û.m. de sniegeit (Oreamnos americanus), de harringtonberchgeit (Oreamnos harringtoni), it grouhoarnskiep (Ovis canadensis) en ferskate soarten hynders, lykas it westlike hynder (Equus occidentalis), it Meksikaanske hynder (Equus conversidens) en it Yukonhynder (Equus lambei). Ut skeinings fan fossilen út Arizona kin opmakke wurde dat it trumanjachtloaihoars in territoriaal bist wie, dat gauris ferwûne rekke by gefjochten mei soartgenoaten.
Sjoch ek Amerikaanske jachtloaihoarsen poemajachtloaihoars
Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Amerikaansk jachtloaihoars Kategory:Bist útstoarn yn it Pleistoseen Kategory:Fossyl sûchdier Kategory:Fossyl yn de Feriene Steaten Kategory:Fossyl yn Kanada Kategory:Fossyl yn Meksiko