thumb|Grêfmonumint H.E. Blaauw Harm Engbert Blaauw (Amsterdam, 15 septimber 1918 - Dokkum, 22 jannewaris 1945) wie in Nederlânske fersetsstrider yn de Twadde Wrâldoarloch.
Blaauw wie opsichter yn de stêd Grins, dêr't er wenne oan de Hamburgerstrjitte. Yn de oarloch rekke er belutsen by it ferset. Stichting Oorlogs- en Verzetsmateriaal Groningen; systeemkaarten van verzetsbetrokkenen: Blaauw, Harm Egbert Hy wie lid fan de fersetsgroep Packard. Dizze groep rjochte him benammen op de behanneling fan ferwûne alliearde soldaten en stie dêrfoar yn ferbining mei it Akademysk Sikehûs. Blaauw joech ûnder mear ûnderdak oan in parasjutist dy't út it Scholtenhûs ûntsnapt wie. Doe't de groep ferret waard, waard Blaauw oppakt en sels oerbrocht nei it Scholtenhûs oan de Grote Markt. Hy kaam dêrnei yn de finzenis oan de Herewei telâne.
Op 19 jannewaris 1945 waard yn De Falom in Dútske kommandant deasketten troch it ferset. As ferjildingsmaatregel waarden op 22 jannewaris 1945 tweintich finzenen út Fryslân en Grinslân nei de Wâldwei yn Dokkum brocht en dêr sûnder iennige foarm fan proses deasketten. Blaauw wie ien fan de finzenen dy't yn dy represaille yn Dokkum omkamen.
Blaauw waard beïerdige op it Noarderbegraafplak yn Grins. Syn grêfmonumint, in pylder mei in ôfseage beam, waard makke troch byldhouwer Willem Valk. Yn de pylder is ûnder oare de tekst Gebroken maar niet ontworteld oanbrocht.Zonder titel (verzetsstrijder Harm Engbert Blaauw, Staat in Groningen. Argivearre op 30 oktober 2020.
Kategory:Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Persoan dy't stânrjochtlik eksekutearre is Kategory:Persoan stoarn yn Dokkum Kategory:Persoan berne yn 1918 Kategory:Persoan stoarn yn 1945