De sûkeladerêchiisfûgel of sûkelarjerêchiisfûgel (Halcyon badia), ek wol de wytkieliisfûgel neamd, is in fûgel fan it skaai echte beamiisfûgels (Halcyon) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).

Skiednis thumb|left|Sûkeladerêchiisfûgel yn it Nasjonaal Kakum (Gana) De soarte hat donkere boppedielen en in sniewite ûnderkant (útsein in swarteftich plak op 'e flanken). De kop en nekke binne donkerbrún, de mantel is brúnswart en de rêch swart. Op 'e stút is de fûgel irrisearjend blau, de boppedekfearren fan 'e sturt binne swart en de sturt is feal blau. De fûgel hat donkere wjukken mei in skimerjend azuerblauwe spegel. Yn 'e flecht binne de blauwe stút en de blauwe spegel ûnderskiedend. De snaffel is read oant readbrún. Juvenilen lykje op folwoeksen fûgels, mar it boarst is net effen en de snaffel is swarteftich mei in oranje punt.

Fersprieding De sûkeladerêchiisfûgel komt yn 'e Afrikaanske reinwâlden foar fan Sierra Leöane oant Gana en fan Nigearia nei it easten oant it suden fan 'e Sintraal-Afrikaanske Republyk en West-Uganda en súd nei de Kwangorivier yn it uterste noarden fan Angoala. De fûgel komt ek op Bioko foar.

It biotoop fan 'e sûkeladerêchiisfûgel is net mei wetter ferbûn en bestiet út reinwâlden.

Gedrach De soarte is in soad op in plak heech yn 'e beammen mei útsjoch op in iepen plak. Dêrwei fleant er om proaien yn 'e loft te fangen, of hy hellet proaien fan 'e grûn. Hy yt mychammels of ynsekten, fral sprinkhoannen en krobben, mar ek wringeleazen en lytse hagedissen.

Se grave harren nêsten yn ierden nêsten fan 'e beamtermiten fan it skaai Nasutitermes, dy't 4 oant 5 m boppe de boaiem oan in liaan of tûke hingje. Oan 'e sydkant fan it termitenêst grave de iisfûgels in horisontaal nêst. De termiten slute sels de troch de fûgels makke holte ôf. Ek wurde hingjende michammelnêsten útsocht foar de bou fan in nêst.

Status It is net bekend hoe grut de wrâldpopulaasje is, mar de soarte is algemien yn geskikt biotoop. Fanwegen de fierdergeande ferneatiging fan biotoop rint de populaasje yn oantal tebek. De soarte wurdt troch de IUCN as net bedrige beskôge (2024).

Keppeling om utens Birdlife Ebird Avibase

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Echte beamiisfûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy