Charles Léonce Pierre Marion, 5de baron Marion (Saint-Germain-en-Laye, 14 jannewaris 1887 - Annecy, 16 novimber 1944) wie in Frânsk hynstesporter en kollaborateur.

Charles wie de 5e Baron Marion en kaam út in famylje fan militêre offisieren. Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1928 en 1932). Hy wûn twa yndividuele medaljes, en yn Los Angeles waard er Olympysk kampioen mei it Frânske team alle trije medaljes behelle er mei syn hynder Linon.

Hy waard yn 1942 ta generaal beneamd en tsjinne as prefekt foar it Frânske Vichy-regear. Nei de befrijing yn de Twadde Wrâldkriich waard er yn 1944 finzen nommen en troch de kriichsried ta dea feroardiele. Dêrwei waard Charles Marion op 16 novimber 1944 ûntfierd en yn 'e âldens fan 57 jier eksekutearre yn in stiengat by Annecy troch striders fan de Frânske fersetsgroep FTP as in fertsjintwurdiger fan it hate Vichy-rezjym.

Kategory:Frânsk hynstesporter Kategory:Frânsk Olympysk kampioen Kategory:Frânsk generaal Kategory:Frânsk amtner Kategory:Frânsk kollaborateur yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Persoan dy't ta de dea feroardiele is Kategory:Persoan dy't stânrjochtlik eksekutearre is Kategory:Persoan berne yn 1887 Kategory:Persoan stoarn yn 1944