De fleanende boatein (Tachyeres patachonicus) is in fûgelsoarte út de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae).
Beskriuwing thumb|left|Pearke. De fleanende boatein is de lytste fan 'e fjouwer soarten fan it skaai. Se diele mei de oare soarten it fearrekleed, lykas de brune kop- en nekkefearren mei in wite streek efter it each oant yn 'e nekke en de brúngrize fearren fan 'e bealch. De ûnderkant is gruttendiels wyt en de poaten binne oranje. Sijkes ha lytsere snaffels as jerken. De snaffel fan in sijke is griengiel en dy fan in jerk oranje.
Oars as de namme docht tinken is de soarte net in soad fleanend te sjen.
Fersprieding De fleanende boatein komt yn it meast súdlike diel fan Súd-Amearika foar: fan it suden fan Sily oant Maule en fan it suden fan Argentynje oant Neuquén-Buenos Aires. Fierder libbet der in populaasje op 'e Falklâneilannen. Harren biotoop bestiet út wettergebieten oan 'e kust, mar minder op ynlânske marren.
De fleanende boatein hat neffens de oare soarten boateinen in grut ferspriedingsgebiet en dat komt nei alle gedachten fanwegen it fleanfermogen.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet. Oannommen wurdt dat de oantallen ôfnimme. De tebekgong is lykwols net sa grut dat de soarte as bedrige beskôge wurdt. En alhoewol't de populaasje tebekrint, kategorisearret de IUCN de fûgel dêrom as net bedrige. De wrâldpopulaasje soe neffens in rûzing fan 2009 tusken 11.000 oant 26.000 (7.300-18.000 folwoeksen fûgels) bestean.
Keppeling om utens BirdLife IUCN Ebird Avibase
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Boatein Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn de Falklâneilannen