Mihály Bozsi (Bûdapest, 2 maart 1911 - Dêre, 5 maaie 1984) wie in Hongaarsk wetterpoloër.

Bozsi makke syn wetterpolodebút foar de nasjonale ploech yn 1931 tsjin Frankryk. Yn itselde jier waard er Europeesk kampioen. Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Berlyn Olympysk kampioen mei it Hongaarske team, hy spile seis wedstriden, ynklusyf de finale.

Yn 1938 helle er in doktoraat yn de rjochten en wie er amtner. Nei it beëinigjen fan syn sportkarriêre waard er ynternasjonaal skiedsrjochter en fan 1947 oant 1965 wie er trainer. Mihály Bozsi ferstoar op 5 maaie 1984, yn 'e âldens fan 73 jier.

Kategory:Hongaarsk wetterpoloër Kategory:Hongaarsk Olympysk kampioen Kategory:Hongaarsk amtner Kategory:Hongaarsk skiedsrjochter Kategory:Hongaarsk wetterpolotrainer Kategory:Persoan berne yn 1911 Kategory:Persoan stoarn yn 1984