thumb| Flagge fan Baarderadiel De flagge fan Baarderadiel is de flagge fan de eardere gemeente Baarderadiel. De flagge waard op 22 maart 1962 registrearre.

It ûntwerp is fan K. Miedema út Boazum.

De flagge is net langer yn gebrûk omdat de gemeente Baarderadiel yn 1984 part wurden is fan Littenseradiel.

Skiednis Noch foardat immen oars as de ûntwerper de flagge sjoen hie, rûn in bewenner al mei it flaggeûntwerp op 'e klean. De ûntwerper K. Miedema wie húsdokter en hie it wykein de flagge mei kryt op in doek ynkleurd, mei de eksamentafel as tekenboerd. Doe't in pasjint oerein kaam, die bliken dat it kryt troch it doek gien wie.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Rjochtsskean ferdield yn trije banen fan blau, swart en giel, dêr't de diagonaalferdieling him fan ferhâldt as 3:1:3, mei op it swart twa giele seispuntige stjerren.

De kleuren komme út it wapen fan Baarderadiel.

Symbolyk Swarte baan: ferwiist nei de seedyk dy't troch de gemeente rint. Twa stjerren: ferwiist nei de twa doarpen dy't beskerme waarden troch de seedyk.

Sjoch ek

Baarderadiel Kategory:Skiednis fan De Waadhoeke Kategory:Skiednis fan Súdwest-Fryslân Kategory:Skiednis fan Ljouwert (gemeente)