De Amerikaanske stikelsturt (Oxyura jamaicensis) is in fûgel út de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). It is ien fan 'e seis soarten fan it skaai stikelsturten (Oxyura).
Beskriuwing thumb|left|Jerkjes. Amerikaanske stikelsturten wurde 35 oant 43 sm lang en ha in spanwiidte fan 53 oant 62 sm. De jerk hat in swarte kop en hals mei wite wangen en in ljochtblauwe snaffel. It boarst, de flanken en de rêch binne kastanjeread, wylst de ûnderkant brún is en de ûndersturtdekfearren wyt. Se ha in donkere puntsturt en donkerblauwe poaten. It sijke hat in brúngrize kop mei in donkerbrune krún en in like donkerbrune streek fan 'e basis fan 'e snaffel oant it ear. Snaffel en poarten binne donker griisblau.
Fersprieding Amerikaanske stikelsturten libje yn in grut part fan Noard-Amearika, útsein yn it hegere noarden. Se libje yn ûndjip wetter mei in soad begroeiïng. Bûten de briedtiid wurde de fûgels ek op grutte marren, brake lagune's en estuaria waarnommen.
Eksoat De fûgel is in eksoat yn West-Europa, fral yn Grut-Brittanje, dêr't de populaasje sûnt de jierren 1940 útgroeide ta likernôch 6.000 eksimplaren.The Guardian, 22 desimber 2021 Sûnt de jierren 1990 briede de soarte ek yn lytse oantallen yn Nederlân, fral yn it súdwesten. Dy briedfûgels wiene nei alle gedachten ôfkomstich út Grut-Brittanje, mooglik oanfolle mei fûgels dy't yn Nederlân ûntsnapt binne út fûgelkolleksjes.
Om't de Amerikaanske stikelsturt mei de bedrige wytkopein yn Spanje hybridisearre, jildt der yn Europa in kontroversjeel programma om de Amerikaanske stikelsturt út te roegjen. Dêrfandinne stiet de Amerikaanske stikelsturt sûnt 3 augustus 2016 op 'e Unylist foar ynvasive frjemde soarten en is der útein set mei de ferneatiging fan 'e Europeeske populaasje. Yn 2021 wie de populaasje fan it Feriene Keninkryk werom brocht ta noch mar 15-21 fûgels. It is langer ferbean om de Amerikaanske stikelsturten yn fûgelkolleksjes te hâlden.
Nêst thumb|left|Sijke mei piken. Wyfkes briede al as se in jier âld binne, by mantsjes bart dat yn 'e regel as se twa jier binne. It nêst leit yn tichte begroeiïng by iepen wetter. In lechsel bestiet meast tusken seis oant tsien aaien. It brieden duorret 23 oant 26 dagen. De piken ferlitte it nêst al hiel gau nei it útkommen fan 'e aaien en wurde troch it sijke fuorre. Somtiden helpt ek it jerkje by it fuorjen. De piken kinne ek al gau dûke. Nei fjouwer wiken moatte de piken harren sels rêde en as se 50 oant 55 dagen âlde binne kinne se fleane.
Status De IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige op 'e Reade list. Neffens BirdLife International giet de soarte yn oantal efterút (2025), mar is der yn Noard-Amearika sprake fan in lichte taname. Keppeling om utens Birdlife, oproppen 2 febrewaris 2025. IUCN, oproppen 2 febrewaris 2025. Ebird, oproppen 2 febrewaris 2025. Avibase, oproppen 2 febrewaris 2025. Waarneming.nl
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Stikelsturt Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Grenada Kategory:Lânseigen fauna yn Gûadelûp Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Jamaika Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Lusia Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen Kategory:Eksoat yn Nederlân Kategory:Eksoat yn Belgje Kategory:Eksoat yn Dútslân Kategory:Eksoat yn Eastenryk Kategory:Eksoat yn Frankryk Kategory:Eksoat yn Ierlân Kategory:Eksoat yn Ingelân Kategory:Eksoat yn Marokko Kategory:Eksoat yn Nederlân Kategory:Eksoat yn Noard-Ierlân Kategory:Eksoat yn Skotlân Kategory:Eksoat yn Spanje Kategory:Eksoat yn Switserlân Kategory:Eksoat yn Tuneezje Kategory:Eksoat yn Wales